Skiednis tichtby: spannende les oer berging bommewerper út Iselmar

Kommende moanne is it tachtich jier lyn dat in Lancaster-bommewerper delstoarte yn de Iselmar by Koarnwertersân. Definsje sil it fleantúch yn septimber boppe wetter helje. In moaie oanlieding om de bern yn Warkum, Hylpen en Starum yn de kunde komme te litten mei skiednis tichtby hûs.
De Lancaster ED603 wie yn juny 1943 nagelnij doe't er op syn earste reis op de weromreis út Dútslân út de loft sketten waard troch in nachtjager. De bommewerper kaam úteinlik in pear kilometer út de kust fan Breesândyk yn de Iselmar telâne.
Takom septimber komt de grutte bommewerper foar it earst wer foar it ljocht, as de oerbliuwsels burgen wurde.
Bern derby belûke
Skoalbern út Warkum, Starum en Hylpen sitte de kommende moannen earste rang as it giet om dit aspekt fan de pleatslike skiednis. It barde suver by harren yn de achtertún. De gemeente Súdwest-Fryslân wol de bern graach belûke by de berging en harren wat meijaan oer de skiednis fan de Súdwesthoeke yn de Twadde Wrâldoarloch.
Dêrom krije se de kommende tiid gastlessen oer de loftoarloch, en de berging fan it fleantúch.

Tiisdei wiene de groepen 6 en 7 fan basisskoalle De Pipegaal yn Warkum oan bar. Gastdosint Johan Bouwhuis fertelde mei help fan skaalmodellen en bylden op it digiboerd oer de lêste flecht fan de Lancaster. De bern sieten in oere lang mûskestil op 'e stoel te harkjen nei de ferhalen oer piloat Tilbury en syn bemanning. Neffens Bouwhuis helpt it dat it ek in pleatslik ferhaal is, en dat der mei de berging ek echt beweging yn de skiednis komt.
Ekstra les oer de Lancaster berging
De bern joegen oan dat de Twadde Wrâldoarloch har bot ynteressearret. By in frageronde kamen der ferskate ferhalen fan oerpakes en -beppes nei boppen. Oer de fraach oft se ek by de berging sjen wolle soene, hoegden se net lang nei te tinken: ja, fansels.
Yn septimber meie de bern op besite by it Kazemattemuseum om dêr te sjen nei de earste saken dy't fûn binne by de berging.
Nasjonaal Bergings Programma
De berging fan de Lancaster ED603 is ûnderdiel fan it Nasjonaal Programma Berging Fleantúchwrakken. De gemeente Súdwest-Fryslân is de opdrachtjouwer, it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en it Ministearje fan Definsje stypje de gemeente by de berging mei jild en advys.
It bergingsprogramma bestiet sûnt 2019. Doel is sawat tritich fleantugen te bergjen wêrby't de kâns grut is dat der noch stoflike resten fûn wurde. Dit programma is opset om neibesteanden yn 'e mjitte te kommen. Sy woene altyd al hiel graach wissichheid krije oer it lot fan harren fermiste famyljeleden en de deaden in grêf jaan kinne.