Foeke Booy wer op it fjild: hy wurdt assistint by Sparta
Foeke Booy giet oan de slach by Sparta Rotterdam. De eardere technysk manager fan SC Cambuur wurdt dêr assistint fan de nije haadtrainer Jeroen Rijsdijk.
Booy, berne yn Ljouwert, wie as spiler fjouwer seizoenen aktyf foar Cambuur. Nei syn spilerskarriêre wie er trainer fan ûnder oare Utrecht, Sparta en Go Ahead Eagles.
Fan 2018 oant en mei it ôfrûne seizoen wie Booy as technysk direkteur de einferantwurdlike foar de gearstalling fan de seleksje fan SC Cambuur. Yn dy perioade waarden de Ljouwerters kampioen fan de earste divyzje en in seizoen letter waard de bêste prestaasje yn de kluphistoarje delset, troch as njoggende te einigjen yn de earedivyzje.
Nei it ôfrûne seizoen, wêryn't Cambuur degradearre, waard Booy syn kontrakt net ferlinge. Yn jannewaris waard bekend dat Etiënne Reijnen him opfolget.
No giet Booy dus werom nei in oare klup dêr't er earder aktyf wie: Sparta. "Met al zijn ervaring in binnen- en buitenland zien wij in hem een juiste aanvulling op Jeroen en Nourdin (Boukhari, red.)", skriuwt Sparta op de klupwebside.