Etiënne Reijnen nije technysk direkteur SC Cambuur, al woe Foeke Booy wol troch
SC Cambuur krijt in nije technysk direkteur: Etiënne Reijnen. Hy folget as it seizoen 2023/2024 úteinset Foeke Booy op, dy't sûnt 2018 technysk manager wie.
Reijnen krijt de lieding oer de technyske saken binnen de fuotbalklup. Hy hat tekene foar de kommende fjouwer seizoenen fan Cambuur.
De kommende simmer komt in ein oan it tsjinstferbân fan Foeke Booy. Hy ferklearret it spitich te finen dat dizze beslissing naam is. "Want ik had graag nog door willen gaan bij deze mooie club." Booy hopet syn ûnderfining noch earne oars ynsette te kinnen.
De 35-jierrige Reijnen komt oer fan PEC Zwolle, dêr't er op dit stuit noch assistint-trainer is fan it earste alvetal. Cambuur ferklearret dat er al in flinke steat fan tsjinst hat, Reijnen wurke earder foar klups as AZ Alkmaar, FC Groningen, Maccabi Haifa en PEC Zwolle.
Reijnen earder by Cambuur
Reijnen spile yn 2014-2015 ek alris foar Cambuur, hy wie doe oanfierder fan it team.
It stichtingsbestjoer seit dat de klup mei it nije stadion ek yn in 'folgjende faze' komt, dêr't in 'oare ynfolling fan de technyske posysjes' by past. Cambuur hopet mei Reijnen in man mei nije ideeën en enerzjy binnen te heljen. It bestjoer hat betrouwen yn de ekspertize en kwaliteiten fan de nije technysk direkteur.