Omrop Fryslân

It degradaasjeseizoen fan Cambuur oan de hân fan fiif mominten

© Orange Pictures
Nei twa seizoenen yn de earedivyzje is it doek fallen foar SC Cambuur. Troch de 0-3 nederlaach tsjin FC Utrecht spylje de Ljouwerters kommend seizoen wer yn de earste divyzje.
It seizoen is noch net hielendal klear. De kommende wiken spilet Cambuur noch tsjin Vitesse, Sparta Rotterdam en RKC Waalwijk. Mar dat binne wedstriden om it burd fan de keizer, no't degradaasje offisjeel is. Oan de hân fan fiif wichtige mominten sjogge we werom op it seizoen fan Cambuur.

1. Cambuur 2.0

De sinne skynt yn it Cambuur Stadion, letterlik en figuerlik. It is juny ferline jier as de klup him tariedt op it twadde seizoen yn de earedivyzje. De rentree op it heechste nivo is foar Cambuur perfekt ferrûn mei it njoggende plak. Dêrmei skriuwt it histoarje: it is de heechste notearring út de klupskiednis.
Neidat trainer Henk de Jong de twadde seizoenshelte foar in grut part mist hat fanwege sûnensklachten, begjint er gewoan wer as trainer oan it seizoen 2022/2023. Der binne mear positive ûntwikkelingen: mei Bert van den Brink hellet de klup in 'sûkeromke' binnen, dy't Cambuur finansjeel stipet.
Dêrmei slagje de giel-blauwen deryn om Silvester van der Water binnen te heljen. Van der Water komt foar goed sân ton oer fan it Amerikaanske Orlando City.
Silvester van der Water wurdt yn july 2022 presintearre yn Ljouwert
© Dijks Fotografie
Van der Water is de djoerste oankeap út de klupskiednis fan de Ljouwerters. Syn komst makket wat los. Wichtige spilers as Alex Bangura en Mees Hoedemakers, dy't nei it seizoen in ôfrinnend kontrakt hawwe, soene ynienen bytekenje wolle en langer yn Ljouwert bliuwe wolle.
Technysk manager Foeke Booy sprekt tsjinoer inkele sjoernalisten fan 'Cambuur 2.0'. Dêrmei doelt de Ljouwerter op dat de klup mear (finansjele) mooglikheden hat om in goeie seleksje gear te stallen. Al sil Booy letter ûntkenne dat er de term 'Cambuur 2.0' brûkt hat.
Wis is dat de ferwachtings (te) heech binne yn Ljouwert. Dat komt troch de komst fan Van der Water en it binen fan Van den Brink oan de klup, dy't de Ljouwerter beurs fan in flinke ympuls foarsjocht.

2. Henk de Jong hâldt op

It is 20 oktober as it nijs komt dat Henk de Jong fuortendaliks ophâldt as trainer fan Cambuur. De Drachtster moast ferline jier al in stap werom dwaan, nei't er in kyste yn 'e holle fûn waard dy't sûnensklachten feroarsake. Troch in flinke rêstperioade yn it foarjier liket De Jong wer fris as trainer begjinne te kinnen oan it nije seizoen.
Dat hâldt er tsien spylronden fol. It nijs komt hurd binnen, ûnder oare by Maarten van Tuinen fan de supportersferiening. "Zeg je Henk, zeg je Cambuur. En zeg je Cambuur, dan zeg je Henk."
Yn de earste wedstriid nei it ophâlden fan Henk de Jong, betankje spilers en trainers him
© Orange Pictures
Op dat stuit stiet Cambuur 14e yn de earedivyzje, mei twa punten mear as hikkesluter FC Volendam. Oant de winterstop, dat is dan noch fjouwer wedstriden, hawwe assistinten Pascal Bosschaart en Martijn Barto de einferantwurdlikheid.

3. Mei in dreun de winterstop yn en út

Sjors Ultee is de man dy't it lot fan Cambuur yn hannen krijt fan de direksje. De 35-jierrige trainer is de opfolger fan De Jong, sa makket de klup bekend foar de Fryske derby yn novimber. It is de lêste wedstriid foar de winterstop, dy't hast twa moannen duorret om't it wrâldkampioenskip fuotbal yn novimber úteinset.
Op de tribune fan it Abe Lenstra Stadion sjocht Ultee dat Cambuur fia Jamie Jacobs op foarsprong komt en hy krijt dêrnei dé kâns op de 2-0. Dy giet der lykwols net yn en dêrnei kantelje de Feansters de wedstriid. Cambuur ferliest mei 2-1 en giet as nûmer ien-nei-lêst de winterstop yn.
Yn de winterstop krijt Ultee de kâns om Cambuur nei syn hân te setten. Sa giet de klup in wike op trainingskamp yn Súd-Spanje. Dêr sjocht technysk manager Foeke Booy wat ûntstean: "Een nieuwe frisse dynamiek."
Fertwiveling by de spilers fan Cambuur nei de kânsleaze nederlaach tsjin FC Volendam
© Orange Pictures
It earste duel nei de winterstop ferrint dramatysk. Hikkesluter FC Volendam ferslacht Cambuur, mar de wize wêrop is amateuristysk. Yn twa minuten tiid jout de ploech fan Ultee twa tsjintreffers fuort en dy klap komt Cambuur net mear boppe.
It ferliest mei 3-0 en dêrtroch nimt it de reade lantearne oer fan FC Volendam. Wiken is nei dit duel ta libbe, mar op it momint dat it moat, is Cambuur machteleas. De klup krijt fuortendaliks nei de winterstop in rjochtse direkte fan in konkurrint.
In pear dagen letter kegelje de amateurs fan De Treffers Cambuur ek noch ris út it KNVB-bekertoernoai.

4. De handoek wurdt smiten yn Kralingen

Yn speelronde 26 moat it dan barre foar Cambuur. De wiken dêrfoar hat it tsjin AZ, Go Ahead Eagles en PSV hiel aardich fuotbal sjen litten. Mei fertrouwen libbet Cambuur ta nei it degradaasjeduel mei Excelsior. In oerwinning soe betsjutte dat it feilige 15e plak binnen hânberik is.
Mar it giet wer mis op it momint dat it moat. Nei tweintich minuten liedt Excelsior mei 3-0 en úteinlik ferliest Cambuur mei 4-1. Mei noch acht wedstriden te gean is it gat mei it 15e plak no sân punten.
Supporters helje ferhaal nei de swiere nederlaach tsjin Excelsior
© Orange Pictures
Soarchliker is dat Cambuur op 'e nij net thús jout op in momint dat it moat. Krekt as thús tsjin FC Volendam, FC Emmen en Fortuna Sittard. As it goed giet en der gjin druk op stiet, hat Cambuur in hiel aardich ploechje dat goed fuotbalje kin. Komt it op mentaliteit oan, dan sakket de ploech kear op kear troch de ûndergrins.

5. De 'kop en de sturt' jouwe net thús

It binne miskien wol de twa meast wichtige posysjes yn it alvetal. Technysk manager Foeke Booy neamt it 'de kop en de sturt': de keeper en de spits. Dit seizoen binne dy posysjes net goed ynfolle. Te begjinnen mei de keeper.
Cambuur kaam op de proppen mei de Portugees João Virgínia, dy't hierd waard fan Everton, en de klupleaze Robbin Ruiter. Virgínia wurdt de earste keeper en lit sjen bêst talint te hawwen. Mar te faak lit er ek sjen dat er in kamikazepiloat is by djippe ballen fan de tsjinstanner. En te faak makket er flaters, dy't de klup punten kostje.
Ein jannewaris krijt Ruiter de foarkar. Hy begjint goed en hâldt de nul tsjin FC Grins. Mar yn de moannen dêrnei lit Ruiter sjen dat ek hy gjin betroubere doelman is. Sjors Ultee stiet foar it duel mei Feyenoord sels op it punt om Virgínia wer earste keeper te meitsjen, mar úteinlik behâldt Ruiter it fertrouwen.
João Virgínia is net de stabile faktor ûnder de latte by SC Cambuur
© Orange Pictures
De kop skoart dit seizoen ûnfoldwaande, mar dat jildt ek foar de sturt. Foarich seizoen makken Roberts Uldrikis (sân) en Tom Boere (seis) totaal trettjin goals. Dit seizoen is it stuorke wikseljen. Uldrikis begjint it seizoen as oanfierder en earste spits, mar frij gau nei it ophâlden fan Henk de Jong rekket er syn basisplak kwyt.
Boere mei it noch efkes besykje, mar ek hy makket gjin yndruk. Yn de winterstop ferruilet er Cambuur foar NAC Breda. Hy einiget syn Ljouwerter seizoen mei nul goals.
Op de slotdei fan de winterske transferperioade komt Bjørn Johnsen de Ljouwerter spitsposysje fersterkjen. Hy skoart trije kear yn syn earste fiif kompetysjewedstriden, mar sakket dêrnei yn. Uldrikis falt noch wol ris yn, mar hat it hiele seizoen noch gjin doelpunt makke. Neist de kop is dus ek de sturt dit seizoen in soarchberntsje.

Hokker gefolgen hat de degradaasje foar SC Cambuur?

Algemien direkteur Ard de Graaf skoot moandei oan yn de Sportcast fan Omrop Fryslân om dy fraach te beäntwurdzjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.