Frysk natuerwerstel allinnich helber mei minder stikstof: trije gebieten beoardiele

© Shutterstock.com (Photos by Tom)
It werstel fan de natuer kin net sûnder de stikstofproblemen oan te pakken, dat docht bliken út it beoardielen fan trije stikstofgefoelige, Europeesk beskerme natuergebieten troch de provinsje Fryslân.
Der binne tolve fan dy stikstofgefoelige, Natura 2000 gebieten yn Fryslân. De natuerdoelanalyzes (NDA's) binne freed yn konsept dield mei de provinsjale polityk.
Trije dêrfan dy't stean foar trije lânskipstypen binne no ferspraat: Van Oordt's Mersken as lânskipstype sân, de Rottige Meenthe mei de Brandemar as feangebiet en it Amelân as Waadgebiet. Dizze natuerdoelanalyzes moatte de basis wurde foar it werstel fan de natuer yn dy gebieten.
Der stiet yn hoe't it giet mei de natuer, hoe't dy beheard wurdt en wat de wichtichste oarsaken binne at de natuerkwaliteit net goed is. Dat kin it behear wêze, mar yn dizze trije gebieten binne der ek problemen dy't je net allinnich mei it behearen en reparearjen fan dy natuer oplosse kinne. Der komt tefolle stikstof binnen en der is te min, of in te minne kwaliteit wetter.

Ecologische Autoriteit

In nij oprjochte 'Ecologische Autoriteit' sjocht noch nei de kwaliteit fan de natuerdoelanalyzes en advisearret sa nedich at dêr noch in slach yn te meitsjen is. Uteinlik moatte al dy provinsjale natuerdoelanalyzes liede ta in 'Nationaal Programma Landelijk Gebied'.
Plomsigge yn de Rottige Meenthe. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Nederlân hat him ferplichte dat dy Europeesk beskerme natuer net minder wurde mei; it moat ek yn in geunstige steat fan ynstânhâlding ferkeare. En dat is no meastentiids net sa. Guon gebieten en gebietstypes binne Europeesk beskerme omdat dy natuer ek op Europeeske skaal hiel bysûnder is.
Sa hawwe wy op de Waadeilannen in soad grize dunen. It binne op It Amelân de meast foarkommende dunen en der binne gjin oare plakken yn Europa dêr't der safolle fan binne as hjir yn Nederlân.
No is it sa dat de útfiering fan it natuerbelied yn Nederlân ûnder doetiids CDA-steatsekretaris Bleker is útbestege oan de provinsjes. Dat is mei wêrom Fryslân en de oare provinsjes frege binne om mei dizze natuerdoelanalyzes te kommen.

Polityk

Op polityk mêd is it allinnich allegearre in stik yngewikkelder wurden trochdat de BoerBurgerBeweging (BBB) hjir en yn in soad oare provinsjes de ferkiezings foar provinsjale steaten wûn hat. En dy partij set grutte fraachtekens by de rol fan stikstof en boeren by dat natuerwerstel.
Yn it provinsjale útfieringsprogramma stikstof Fryslân 2030 stiet dat alle sektoaren yn lykwicht bydrage moatte oan it oplossen fan de stikstofproblemen. Dêrfoar binne maatregels foar de hiele provinsje nedich, mar ek spesifyk foar gebieten.
Van Oordt's Mersken. © Thijs Willems
Dan de analyzes fan de trije gebieten en as earste Van Oordt's Mersken.
"Gezien de ongunstige staat van instandhouding van de verschillende habitattypes, de forse overschrijding van de kritische depositiewaarde (KDW, maat voor stikstofdepositie), de veel te ver wegzakkende grondwaterstanden en de zeer geringe mogelijkheden voor aanvullend beheer zijn bronmaatregelen voor het terugdringen van de stikstofdepositie en maatregelen voor het verbeteren van de algehele hydrologie urgent", sa stiet der yn it rapport.
Koartsein; je kinne behearre wat je wolle, mar at je net wat oan de stikstof en lege polderpeilen om it gebiet hinne dogge dan komt it op 'e kop ferkeard.

"Vermindering"

Fierderop stiet dêr oer it folgjende: "Voor duurzaam herstel en behoud van het gebied is het daarom essentieel dat vermesting en verzuring aangepakt worden bij de bron; namelijk door een vermindering van de stikstofdepositie." Of wat der no oan provinsjale plannen op papier stiet dêrfoar genôch is, is net wis.
Werstel van de natuer by it Hagedoornveld op it Amelân yn 2020 © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foar de Rottige Meenthe jildt dat dêr grutte problemen binne mei it wetter. Omdat dit leechfeansompegebiet no heger leit as de polders deromhinne ferdrûget it en berikt it fiedselearme, mar mineraalrike kwelwetter it gebiet net mear.
Ek hat it gebiet te lijen fan tefolle stikstof. Benammen de feanmosreidlannen, trilfeanen en blaugerzen hawwe hjir fan te lijen. De soarterykdom nimt ôf en de foar Nederlân unike grutte fjoerflinter driget ek nochris te ferdwinen. Oan beide saken moat wat barre.
Op It Amelân liket it allegearre sa min noch net. In soad gebieten dogge it bêst wol goed en der slacht net tefolle stikstof del; op benammen de grize dunen nei. Yn in grut part dêrfan gebeurt no neat "omdat de eigendoms- en natuurbeheerssituatie tussen Rijkswaterstaat en Staatsbosbeheer op dit moment niet is geregeld." Der soe dêrom ien behearder komme moatte fan de dunen.

Briedfûgels

It weidzjen fan fee yn dy grize dunen is trouwens gjin oplossing om de ferrûging troch tefolle stikstof oan te pakken. Dan bliuwe der briedfûgels fuort dy't dêr wol thús hearre. Mar mei natuerwerstelmaatregels yn kombinaasje mei minder stikstof komme je der wol.