BBB wol bettere mjitting Fryske natuer: "Op oannames kinst gjin polityk fiere"

Abel Kooistra fan BBB © Omrop Fryslân
Der moat mear ûndersyk dien wurde nei de stân fan de natuer yn Fryslân. Dat seit de partij BoerBurgerBeweging yn it debat yn Provinsjale Steaten. GrienLinks en D66 binne it dêr net mei iens. Dy partijen sizze dat der al genôch ûndersyk dien is.
De BBB komt mei de oprop as reaksje op it saneamde Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG). Koartlyn is dat programma foar de takomst fan it Fryske plattelân nei bûten brocht. Eltse provinsje moat fan it Ryk foar 1 july in foarstel ynleverje wêryn't de takomst fan de natuer en de lânbou beskreaun is. It Ryk wol dat provinsjes de stân fan de natuer ferbetterje en bygelyks de stikstofútstjit leger krije.

BBB wol mear tiid

Neffens de BBB is it programma net goed opsteld. Der moat mear tiid komme om de stân fan de natuer te mjitten. Der lizze al ferskate oare rapporten, mar neffens Abel Kooistra is dat net genôch. "In soad fan dy plannen en ûndersiken binne noch net iens folslein. Dan komt der in konklúzje op basis fan oannames. Dêr is fansels gjin polityk op te fieren. It giet hjir om de takomst fan ús agraryske sektor. Dat moatte jo dwaan op basis fan korrekte gegevens."

GrienLinks en D66 wolle aksje

Neffens GrienLinks en D66 is der genôch ûndersyk dien nei de stân fan de natuer. "Je kunt wel altijd blijven meten," seit Jochem Knol fan GrienLinks. "Maar er liggen al heel veel rapporten en die tonen aan dat de natuur achteruit gaat. We weten allemaal dat de weidevogels hulp kunnen gebruiken. Het is nu tijd om de natuur te redden en dus de eerste stappen te maken. Het waterpeil verhogen en uitstoot van stikstof verlagen."
Op 1 july moat de provinsje it Fryske programma FPLG as konsept ynleverje by it Ryk. Dy sille it dan beoardielje. Dêrnei giet it nochris werom en nei de provinsje om te bepraten. Takom jier leit der dan in definityf rapport.
It Frysk Programma Lanlik Gebiet is ek ûnderwerp fan petear by de koälysje-ûnderhannelings tusken BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie. Dy petearen wurde yn beslettenheid fierd.
De partijen wiene fan doel om woansdeitemiddei fierder te praten. Mar omdat de Steategearkomste útrûn, waard dat oerlis útsteld. Oer de krekte stân fan saken by de koälysje-ûnderhannelings waarden woansdei op de Steategearkomste gjin meidielings dien.
Oan de ein fan de steategearkomste stimde in grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten foar de oanpak fan it Frysk Programma Lanlik Gebiet troch it kolleezje fan Deputearre Steaten. Ek BBB stimde by eintsjebeslút foar, mei de opmerking dat se it FPLG kritysk folgje sille.