Gedoch om it lânbou-akkoart, mar wat hâldt dat akkoart krekt yn?

Der bestiet al moannen gedoch oer it saneamde lânbou-akkoart. It soarget foar stevige politike debatten en emosjonele konfrontaasjes tusken boeren en miljeu-organisaasjes. Doel is om alle belutsen partijen takomstperspektyf te bieden.
De stikstofkrisis, de hieltyd hegere itensprizen yn de supermerk en de ynnovaasjes om te kommen ta in duorsum produksjeproses; it binne tema's dêr't de lânbousektor al jierren mei wrakselet. Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort folget al dy ûntwikkelingen en leit út wat it lânbou-akkoart krekt ynhâldt.
Wat is it lânbou-akkoart?
"It lânbou-akkoart is in ôfspraak tusken lânbou, ikkerbou, supermerken, natuerorganisaasjes en de oerheid. Der moatte ôfspraken yn stean oer hoe't Nederlân yn de takomst de agraryske sektor ynfolje wol. Eins is de fraach: hoe kin der yn de takomst buorke wurde en wat betellet de konsumint dan foar it iten?"
Fan wa komt it idee fan in lânbou-akkoart?
"It lânbou-akkoart is in idee fan Johan Remkes, de bemiddeler yn it stikstofdossier. Om de boeren wer takomstperspektyf te jaan, woe Remkes dat it regear om tafel gie mei de lânbou en oare partijen, lykas supermerken.
Sa kinne sy hurde ôfspraken meitsje oer prizen yn de supermerk. Dêrfoar moatte boeren nei alle gedachten biologysker buorkje. Mar de fraach is hoe't dy ôfspraken der krekt út komme te sjen."
Is der al wat bekend?
"Juster kaam der al wat nei bûten. Nei alle gedachten wol minister Piet Adema fan Lânbou it tal kij op in greide beheine. Der soe in limyt komme oan hoefolle bisten de hektare der holden wurde meie.
Njonken dat stiet der yn it konsept dat der easken komme foar in duorsumere produksje fan iten, mar dat de boer der wol in hegere fergoeding foar krijt. Dat soe betsjutte kinne dat boeren mear biologysk buorkje moatte. Dochs soarget dat foar problemen yn de oerlizzen, want dan moat der in priis tsjinoer stean.
Fraach bliuwt hoefolle it Ryk dan as kompensaasje jaan wol.
De supermerken wolle net alles trochberekkenje oan de konsumint, want dan wurde de prizen te heech. Fraach bliuwt hoefolle it Ryk dan as kompensaasje jaan wol. Minister Piet Adema seit dat it Ryk foar de plannen sa'n 6,7 miljard euro frijmeitsje moat."
Wannear jildt dit dan?
"It giet om de takomstplannen oant 2040. It kabinet sels fynt it wichtich om de klimaatdoelen fan 2030 te heljen. Fraach is dus wannear't alles ynfierd wurdt en hoe fluch oft dat wurkje moat."
Wêrom is it hjoed sa spannend?
"De ferwachting wie dat der hjoed in akkoart lizze soe, al sei Adema juster al dat hy dy deadline net helje soe. It lânbou-akkoart is al meardere kearen ôfsketten troch ferskate partijen. Ferline wike soe der in akkoart lizze, mar doe fûn minister fan Lânbou Piet Adema it noch net dúdlik genôch. Earder hat de LTO, de organisaasje foar lân- en túnbou, witte litten dat de tekst fan it akkoart net foldwaande wie.

Dochs komt der hieltyd mear druk op te lizzen. Teun de Jong, foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouwvereniging en ikkerbouwer op It Bilt, seit dat it om it jild draait. Neffens him wol minister Van der Wal pas jild jaan as der in lânbou-akkoart is. Mar minister Adema fan Lânbou seit dat hy earst jild nedich hat en dan pas in akkoart slute kin. De partijen sitte neffens De Jong yn in patstelling.
Earder stapten partijen as Agractie en Farmers Defence Force al by de oerlistafel wei. Sy wiene it net iens mei de ideeën. FDF-foarman Mark van den Oever hat al oankundige dat der aksjes komme sille."
Hoe giet it no dan fierder?
"De partijen oerlizze hjoed allegear noch oan de saneamde haadtafel. Dat is it oerlis tusken de wichtichste persoanen út eltse brâns. Dêrnei sille de fertsjintwurdigers fan de organisaasjes it rapport meinimme nei de efterban (de minsken dy't yn de sektor wurkje). Dy moatte dan fertelle oft sy akkoart binne mei de foarstellen."