Underhanneljende partijen ûniens oer konsepttekst lânbou-akkoart

Lânbouminister Piet Adema moat oan de bak om oerienstimming te finen © ANP
De partijen dy't ûnderhannelje oer in lânbou-akkoart binne it op inkelde wichtige ûnderdielen noch net mei elkoar iens. De konsepttekst wurdt dêrom noch net foarlein oan de efterbannen fan de belanghawwende organisaasjes.
Lân- en túnbou-organisaasje LTO stelt bygelyks dat der noch "flinke bijsturing" nedich is. "De tekst biedt voor ons onvoldoende wenkend perspectief om tot doorrekening over te gaan, een stap die nodig is op weg naar bestuurlijke consultatie en onze bredere ledenconsultatie", lit LTO witte.
De pratende partijen hawwe ôfpraat om op 17 maaie in stik te hawwen dat trochrekkene of ôfwiisd wurde kin. De partijen meie yndividueel beslute oft se it akkoart wol of net ûndertekenje.