Tjeerd de Groot (D66) biedt LTO ekskuzen oan nei útspraken yn De Telegraaf

D66-Keamerlid Tjeerd de Groot © ANP
D66-Keamerlid Tjeerd de Groot út Wâldsein en lânbou-organisaasje LTO ha in skeel oer De Groot syn útspraken yn De Telegraaf bylein. De Groot hie sein dat in hantekening fan LTO ûnder in lânbou-akkoart "niets waard is".
"De inkt zal nog niet droog zijn, of LTO zal alles uit de kast halen om de afspraken te slopen", seit De Groot yn de krante fan woansdei.
LTO-foarsitter Sjaak van der Tak fûn dat De Groot syn 'ûnnedich polarisearjende en misledigjende' útspraken oer de lânbou-organisaasje fuortendaliks weromnimme moast. Neffens Van der Tak soe it dreech wurde om fierder te praten oer in lânbou-akkoart as de wurdfierder fan koälysjepartner D66 soks ferklearret yn in grutte moarnskrante.

"Ronduit ongepast"

Van der Tak wiist derop dat D66 ien fan de partijen wie dy't krekt frege om in lânbou-akkoart. "Bij dat akkoord gaat het net om het herstellen van vertrouwen en een wenkend perspectief voor boeren en tuinders. Dat vervolgens op deze manier over een van de onderhandelende partijen wordt gesproken is ronduit ongepast."
Ofrûne moandeitemiddei waarden de petearen oer it lânbou-akkoart ôfbrutsen, omdat ûnder oare lânbou-organisaasje LTO de konsepttekst 'ûnfoldwaande' fûn. Doe is ôfpraat dat de partijen op 17 maaie fierder prate sille.

Net as mislediging bedoeld

De Groot sei woansdei yn de Twadde Keamer dat er "oprechte zorg" hat oft LTO wol by steat wêze sil om de achterban te oertsjûgjen fan de ôfspraken yn it lânbou-akkoart.
Hy wie lykwols net fan doel om LTO te misledigjen en hat dêrom yn it middeisskoft mei Van der Tak belle en ek syn eksuzen oanbean. "Ik heb hem verzekerd dat D66 uitkijkt naar het landbouwakkoord. Ik ken Sjaak van der Tak als een bestuurder die z'n best doet om zalen vol boeren te overtuigen van de transitie. Daar bestaat geen twijfel over."
LTO hat de ekskuzen fan De Groot akseptearre "en daarmee is voor ons de kous af", lit de lânbou-organisaasje witte.