Fryske stikstofplan moat it súdeasten minder belêste, mar boeren bliuwe ûngerêst

Fokke Hut buorket yn Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Boeren yn it súdeasten fan de provinsje binne der net gerêst op. Der libbet noch in soad ûnwissens oer de stikstofplannen yn it Frysk Programma Landelijk Gebied, dat de provinsje dizze wike presintearre hat.
"We hebben het idee dat ze ons op andere gebieden willen aanpakken", seit feehâlder Fokke Hut. Syn pleats stiet yn de omkriten fan Natura 2000-gebiet de Bakkefeanske Dunen.
Om't Hut ticht by de natuer buorket, folget hy de ûntwikkelingen yn de agraryske sektor op 'e foet. Yn it programma stiet in takomstfyzje fan de provinsje op it Fryske plattelân. It programma is opsteld troch de polityk, mar yn gearwurking mei natuer- en lânbou-organisaasjes. In wichtich ûnderdiel is de stikstofproblematyk.

It súdeasten as Frysk knyppunt

In jier lyn die bliken dat it súdeasten fan de provinsje wolris de grutste klap krije koe. Want in grut diel fan de stikstofgefoelige natuer yn Fryslân leit dêr, lykas it Fochtelerfean, it Weinterper Skar, Van Oordt's Mersken en it Drents-Friese Wold.
De skatting wie doe dat dêr mear as 100 boerebedriuwen útkocht wurde moasten, om de útstjit mei 60-70 persint nei ûnderen te bringen. Mar de provinsje presintearre yn it Frysk Programma Landelijk Gebied in hiel oar plan.
It idee is no om de súdeasthoeke just minder redusearje te litten, mar de rest fan de provinsje mear: fan 25 nei 45 persint minder stikstofútstjit. Goed nijs, soene je sizze, mar boer Hut wit it noch net sa goed.
"Ze willen ons mogelijk minder hard aanpakken dan de bedoeling was, maar toch ben ik er niet gerust op. Je ziet dat er andere maatregelen om de hoek komen, zoals de bossenstrategie. Daarbij willen ze bomen plaatsen en raken wij misschien alsnog de grond kwijt. Het blijft een puzzel."
Boer Fokke Hut is noch net gerêst op de stikstofplannen fan de provinsje
Minister Christianne van der Wal fan Natuer en Stikstof joech woansdei oan dat de fraach fan provinsjes al te bot oprint. Der is mar 24,3 miljard euro beskikber yn it saneamde transysjefûns, mar Fryslân en Oerlisel freegje byinoar al 9,5 miljard euro.
De minister fynt it te bot, mar neffens wethâlder Jan van Weperen fan Eaststellingwerf is dat net terjochte. "Zij willen zelf dat we dit goed en gedegen oppakken," seit Van Weperen.
Wethâlder Jan van Weperen fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân
Eaststellingwerf is ferneamd om de bosken en Natura 2000-gebieten, lykas de Bakkefeanske Dunen. "We hebben hier een opgave liggen die niet zomaar klaar is. Het lijkt er op dat het hele gebied op de schop gaat. Je moet denken aan een ruilverkaveling en dat gaat gigantisch veel geld kosten. Ook de aanpak van de veenweide en het beheer van weidevogels is niet gratis."

Hut hopet op ynnovaasje

Neffens Hut kin it jild ek better ferparte wurde. Der is no in soad jild frijmakke foar de grûn, mar dat soe eins nei ynnovaasje moatte.
"Je kunt dan veel meer uit de bestaande hulpmiddelen halen. Als je boeren mestvergisters laat kopen, dan gaat de stikstofuitstoot ook naar beneden. Laten we daar meer op inzetten."