Omrop Fryslân

Thom Haye oer duel mei FC Twente: "We moeten meer van ons afbijten"

Thom Haye makke de lykmakker yn de thúswedstriid tsjin FC Twente
© Orange Pictures
Hearrenfenspiler Thom Haye fynt dat syn ploech mear fan him ôfbite moat. Dan makket Hearrenfean, sa tinkt Haye, noch wol kâns tsjin FC Twente yn de play-offs om Europeesk fuotbal.
Hearrenfean ferlear tongersdei troch in lette goal yn blessueretiid fan Twente-spits Ugalde mei 1-2. Ast nei de statistiken fan dit seizoen sjochst, is it net sa frjemd dat Hearrenfean thús ferlear.
Haye: "We hebben dit seizoen beter gespeeld in uitwedstrijden dan in thuiswedstrijden. Best wel gek."

Thús stik minder as út

Sterker noch: as je in ranglist meitsje fan allinnich thúswedstriden, dan stiet Hearrenfean fjirtjinde mei achttjin punten. Wylst Hearrenfean yn útwedstriden sân punten mear helle. Allinnich op basis fan dy útwedstriden soe Hearrenfean dield fiifde stean. Yn útwedstriden helle Hearrenfean sels mear punten as FC Twente.
Net allinnich dit statistykje jout Haye hoop dat der snein wat te heljen falt. Ek de lêste wedstriid jout him hâldfêst. "Hoe we de tweede helft gespeeld hebben, geeft me wel hoop. Dat moeten we meenemen naar de tweede wedstrijd."
Thom Haye oer de mooglikheden tsjin FC Twente
Ek de resultaten tsjin de boppeste ploegen stimme Haye posityf. "We hebben wel een ploeg die heeft laten zien dat we tegen ploegen boven ons kunnen presteren. PSV is daar een goed voorbeeld van." Dy wedstriid einige yn 3-3.

Fan dy ôfbite

Haye fynt Twente in hiel sterk ploech, mar sjocht wol deeglik swakten. "Het is een goede ploeg aan de bal. Maar ik moet zeggen dat ze ook zonder bal goed druk zetten. Dat ze fel zijn. Als je zelf te weinig van je afbijt, dan spelen ze daar makkelijk onderuit. Dan kom je er zelf niet aan te pas. Dus is het belangrijk dat je zelf je momenten pakt."
Dat betsjut neffens him net dat Hearrenfean fan it begjin ôf fol op de oanfal spylje moat. "Je staat één goal achter. Dus je moet ook niet van het eerste moment vol alles opengooien en gaan. We moeten niet zozeer naar de stand kijken, maar de wedstrijd opbouwen."
Thom Haye oer de belangstelling fan oare klups
Haye hat noch in kontrakt by Hearrenfean. Mar der is wol ynteresse fan oare klups. De fraach is dan ek oft Haye al wat mear fertelle kin oer hoe grut oft de kâns is dat hy takom jier noch wol foar Hearrenfean fuotballet. "In principe heb ik hier nog een contract. Ik weet dat er interesse is en dat er dingen spelen, maar dat schuif ik allemaal van me af."
Mar it is wol in realistysk byld dat Haye takom seizoen net mear by Hearrenfean spilet. "Dat vind ik lastig om te zeggen. Ik heb altijd gezegd dat ik vanuit Heerenveen nog wel een stap kan maken. Dat is wel mijn ambitie. Maar ik zit hier ook wel goed op mijn plek. Het is niet zo dat ik weg moet, maar als er iets komt waar ik enthousiast van word, dan wil ik wel een stap maken."

Ynteresse fan oare klups

Klups als Sunderland en Toulouse soene yn de merk wêze foar Haye. Hy wit dat der klups binne dy't ynteresse hawwe, mar net hokker. "Ik heb dat ook gelezen. Dus ik heb wel even geïnformeerd of er interesse is en dat klopt. Maar ik heb niet gevraagd naar welke clubs."
Haye fynt it gjin probleem om folgjend seizoen wer foar Hearrenfean te fuotbaljen. Hy hat ambysjes, mar is der net al te folle mei dwaande. "Ik vind dat ook wel relaxed. Dat ik daar niet mee bezig hoef te zijn. Ik zie het wel na het seizoen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.