Fjouwer redenen wêrom't Hearrenfean fan FC Twente wint

Kees van Wonderen © Orange Pictures
FC Twente ferlear dizze kompetysje noch net yn it eigen stadion, mar om de finale fan de play-offs te heljen, moat Hearrenfean yn Enschede winne. Trainer Kees van Wonderen jout fjouwer redenen wêrom't dat dochs bart.
Hearrenfean ferlear tongersdeitejûn yn it eigen Abe Lenstra Stadion met 2-1 fan Twente troch in doelpunt yn blessueretiid. Snein falt yn Enschede de beslissing wa't de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet. Tsjinstanner yn dy finale wurdt FC Utrecht of Sparta. De earste wedstriid einige yn 2-1 foar Sparta.

Reden 1: PSV-út

Hearrenfean spile twa wiken lyn in knappe wedstriid yn Eindhoven tsjin PSV. Se kamen mei 3-1 foar, seagen PSV weromkommen oant 3-3, mar de Friezen lieten sjen tsjin in goede ploech meikomme te kinnen. "Dat was een wedstrijd waarin je het moeilijk had, maar waar je hebt laten zien dat je je daaraan kunt ontworstelen. Tegen een topploeg."
Kees van Wonderen jout fjouwer redenen wêrom't syn ploech wint fan Twente

Reden 2: "Mentale weerbaarheid"

Van Wonderen hat dit seizoen faak hammere op striidlust en yntinsiteit. Hy fynt dat syn ploech dat de lêste wiken folle mear sjen litten hat. "De mentale weerbaarheid die wij de laatste weken laten zien, geeft hoop. Dan heb ik het bijvoorbeeld over de wedstrijd tegen NEC, waarin we terugkomen van een achterstand en we winnen (2-3, red.).
Maar ook het spelen van een moeilijke wedstrijd tegen Excelsior en de week daarna tegen PSV goed spelen en daarna tegen Go Ahead Eagles de play-offs veiligstellen, is een voorbeeld van onze mentale weerbaarheid."

Reden 3: Resultaten tsjin top fiif

Hearrenfean ferlear dit seizoen fan Ajax, mar tsjin de oare fjouwer ploegen behelle Hearrenfen eltse kear in lykspul. Van Wonderen wol dat statistykje graach efkes neame.
"Als je kijkt naar de uitwedstrijden die we hebben gespeeld, dan hebben we tegen AZ, PSV, Feyenoord en Twente niet verloren. We hebben laten zien dat die ploegen het moeilijk vinden om ons te bespelen."

Reden 4: Wapens

Je soene sizze kinne dat Osame Sahraoui in wapen is. Of dat de maklik skoarende Sydney van Hooijdonk dat is. Mar foar it fjirde argumint, beneamt Van Wonderen net Sahraoui as wapen, mar trije oare punten.
Je kunt ook met een stukje zelfvertrouwen en bravoure de bus in stappen
Kees van Wonderen
"De schakeling met onze backs is een wapen, zoals je tegen PSV hebt kunnen zien. Met Van Ewijk en Köhlert die er dan overheenkomen. Maar ook de spelhervattingen waar we geregeld uit scoren. En we zijn moeilijk te bespelen. Ook dat is een wapen."

Twente thús net te ferslaan

FC Twente einige dit seizoen as fiifde mei achttjin punten mear as Hearrenfean. Boppedat wûn Twente yn it eigen stadion fyftjin kear en spile it trije kear lyk. Allinnich yn de beker waard ien kear ferlern: tsjin Ajax waard it yn febrewaris 0-1.
Net bepaald in statistyk dy't hoop jout, mar sa seit Van Wonderen: "Wij hebben het ze hier lastig gemaakt. Ondanks het feit dat ze in een heel goede flow zaten. Dus je kunt ook met een stukje zelfvertrouwen en bravoure de bus in stappen. En de uitdaging aannemen om te doen wat heel veel ploegen niet gelukt is."
De wedstriid FC Twente - sc Hearrenfean is snein fan 14.30 oere ôf live te folgjen op Omrop Fryslân Radio en fia dizze webside. Roelof de Vries jout it kommentaar.