Fergees kofjesetapparaat en flessepost: bedriuwen stride tsjin personielskrapte
De personielskrapte by bedriuwen is hast oeral wol te fernimmen, en dat kin neffens it Sociaal Cultureel Planbureau noch wol twa desennia oanhâlde. Wurkjouwers wurde dêrom twongen om nei oplossingen te sykjen, sa ek by Fryske bedriuwen.
By kofje- en teefabryk UCC Coffee yn Boalsert wurkje hast twahûndert minsken yn fêste tsjinst en nochris tachtich fia in útstjoerburo. Dochs is dat noch altyd te min. De produksje kin soms net trochgean, omdat der net genôch minsken oan it wurk binne.
Fergees kofjesetapparaat en flessepost: Fryske bedriuwen pakke út yn striid tsjin personielskrapte
"De koffie rolt van de band dankzij onze medewerkers, en daar zit nu ook de uitdaging", seit HR-direkteur Han Meij fan it kofje- en teefabryk. "De krapte op de arbeidsmarkt, daar hebben wij echt last van. Het is dus niet vanzelfsprekend dat hier iedere dag koffie van de band rolt."
Robots en fergeze kofje
Yn it bedriuw wurde ek in soad robots ynset, mar dy kinne neffens Meij net it personiel ferfange.
"Robotisering is een van de antwoorden op personeelskrapte. En het is niet zo dat een robot een medewerker vervangt en dat we die dan moeten ontslaan. Alles behalve dat. Want die medewerker die we daarmee uitsparen, hebben we nodig aan de verpakkingslijnen. We hebben zoveel werk, dat die robots ons daarbij kunnen helpen."
It bedriuw docht in soad om personiel te krijen en te hâlden, seit Meij. Meiwurkers krije opliedingen oanbean en der is in eigen cao. Nije meiwurkers krije sels in kofjesetapparaat en in jier lang fergees kofje.
It bedriuw docht in soad om personiel te krijen en te hâlden, seit Meij. Meiwurkers krije opliedingen oanbean en der is in eigen cao. Nije meiwurkers krije sels in kofjesetapparaat en in jier lang fergees kofje.
Flessepost
De wurkjouwers besykje dus om de betingsten sa oantreklik mooglik te meitsjen. Ek de kampanjes wurde hieltyd grutter: bygelyks foar ferpakkingsbedriuw Rivièra Drachten.
"In hiel soad mkb-bedriuwen meitsje prachtige dingen, mar se binne hiel ûnbekend", seit kampanjelieder Pieter Dijkhuis. Dêrom giet hy hjoed mei meiwurkers fan it bedriuw de strjitte op om kampanje te fieren. Foarbygongers krije in fleske mei dêryn de fakatueres.
Op twa grutte skermen op in buske presintearre it bedriuw himsels. "Der is in oerskot oan fakatueres en dat moatte jo josels sjen litte. Dat dogge wy hjoed."