MCL set operaasjekeamers iepen yn syktocht nei nij personiel

Der kinne fuortendaliks 20 minsken oan it wurk op de operaasjekeamers fan sikehûs MCL yn Ljouwert. De personielskrapte rint op mei as gefolch dat operaasjekeamers leechstean. It personiel organisearret no sels in kampanje om meiwurkers te winnen.
"Ik ha hjoed in heupe dien, in ljisk skjinmakke, in earmtakke, in fetproteze en noch in heupe." In swiere dei, seit operaasjekeamerassistint Rintje Kuiken. "In oare kear is it wer oars, dan is it wat lichter. Mar in boufakker hat ek wolris in swiere dei."
Hege wurkdruk
It is prachtich wurk en dat wol Kuiken ek útstriele. Mar ek hy sjocht dat der krapte is. "Ik sit wolris thús en dan tink ik: 'goh, ik kin no wol oan it wurk en dan kinne we noch in heupe ekstra dwaan'."
Mar sa moat it net, seit syn kollega Linda Marquez Cisneros. Sy docht ûnder oare personielsplanning. "We hebben echt mensen nodig. De werkdruk is hoog en we hebben leegstaande operatiekamers. Het is zelfs nog niet gelukt de achterstanden uit de coronacrisis in te lopen."

In goede cao soe helpe, seit Marquez Cisneros. "De onderhandelingen zijn stukgelopen. Dat is echt jammer. Want wij staan hier met hart voor de zorg en de patiënten. We willen nieuwe mensen werven en opleiden en daarmee kwaliteit bieden. Een betere cao is daarvoor nodig om het werk goed te belonen."
Mear sizzenskip oer roasters
Troch it sikehûs hinne hingje spandoeken. It personiel freget sa omtinken foar in better lean. Tiisdei binne de ûnderhannelings tusken de bûnen en de NVZ, de wurkjouwersorganisaasje, op neat útrûn. It giet ûnder mear om in leansferheging fan 13 persint oer twa jier, mar benammen ek om taslaggen en sizzenskip oer roasters. Fakbûnen FNV en CNV hâlde ynkoarten gearkomsten oer mooglike aksjes.
Kuiken beseft dat de konkurrinsje op de arbeidsmerk grut is: "Oeral is krapte en wurde minsken socht: yn de hoareka en yn de bou. Mar hjir is gjin dei itselde en je hawwe noflike kollega's. As wy dan in goede cao hawwe, hoopje we dat de minsken wol dizze kant op komme."
Der is foar no yn alle gefallen genôch animo. De iepen dei foar sneon sit fol.
MCL set operaasjekeamers iepen yn syktocht nei nij personiel