Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea nimt AOW'ers oan om personielskrapte

© Omrop Fryslân
Attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea nimt AOW'ers oan om personielskrapte tsjin te gean. It attraksjepark skreaun fakatueres út, wêr't tsientallen minsken op reagearden.
"Meist wol yn dizze reade auto sitten gean," seit Rudolph Witvoet wylst hy in bern nei in trapauto yn it ferkearspark begelied. De 69-jierrige Witvoet wurke syn libben lang as kok, mar woe nei in skoftke fan pensjoen dochs wer oan it wurk.
"It giet my net om it jild, want alles wat ik fertsjinje giet nei Afrika. Yn de winter sit ik as frijwilliger yn Togo en help ik dêr bern", leit hy út. "Fan it jild hier ik in buske en bring ik bern nei it strân ta. Dy ha dan in moaie dei. Wy stean der net by stil mar wy ha it hjir oer it algemien frij goed, want dêr ha de bern hielendal neat. Dus dan hoopje ik dat ik sa wat helpe kin."
Attraksjepark Duinen Zathe set tsjinwurdich AOW'ers yn
Witvoet is ien fan de tsientallen minsken dy't reagearde op 'e fakatueres. "Ik bin bliid at ik hjir rin. Gelokkich ha ik de fysyk noch en sit ik goed yn myn fel. At je hjir dan by de attraksjes wurkje binne je al bliid. Ik bin net ien dy't de hiele dei op de bank sitte wol. Dus doe't ik dit seach bin ik yn it gat stapt."

Win-win-situaasje

Foar it pretpark sels is it entûsjasme fan de AOW'ers in win-win-situaasje. "Wij zijn blij met deze mensen," seit manager Judith Nijkamp. "De personeelskrapte werd namelijk een groot probleem. Toen we de vacatures uitschreven had ik niet verwacht dat er zoveel reactie op zou komen."
It wichtige fan de situaasje is dat wurknimmers fleksibel binne, sa seit Nijkamp. "Dat hebben we aan gegeven bij de sollicitaties. Ze zitten niet vast aan een contract en kunnen met vakantie als ze dat willen, want dat is op te vullen door het hoge aantal werknemers die we al hebben."
Dochs is Witvoet dat foarearst noch net fan plan. "Afrika komt yn de winter wol wer. Ik wol no earst myn dagen hjir draaie. Hoefolle dat der binne feroaret eltse wike, mar litte wy sizze tusken de trije en fiif. Ik soe net mear oars wolle."