Rekreaasjesektor flink ûnder druk troch personielskrapte

Wetterrekreaasje © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De rekreaasjesektor stiet swier ûnder druk fanwege personielskrapte. Dat docht bliken út ûndersyk fan de organisaasjes FNV Recreatie, KIKK Recreatie en HISWA-RECRON.
Fan alle bedriuwen yn de rekreaasjesektor hat 66 prosint lêst fan personielstekoarten. De ynstream fan studinten yn it middelber ûnderwiis bliuwt efter, nije meiwurkers binne dreech te finen en in soad personiel stapt oer nei oare sektoaren.
Neffens Jan Ybema, regiomanager Fryslân en Grinslân fan HISWA-RECRON, is de situaasje yn it Noarden te fergelykjen mei dy yn de rest fan Nederlân. "Alleen economisch betekent het voor Fryslân wel een groot probleem, omdat de recreatiesector hier heel sterk is."
Personielstekoarten yn de rekreasjesektor
Minsken binne wol tefreden oer it wurk yn de rekreaasjesektor, mar doare dat net út te dragen, seit Ybema. Neffens him kampt de sektor dêrtroch mei in imagoprobleem. "Het is een branche met een glimlach, je werkt met leuke klanten. Maar goed, dat is iets waar we extra aandacht aan moeten geven en ook kunnen geven."
De organisaasjes wolle in boost jaan oan it imago fan de sektor. Om it wurk oantrekliker te meitsjen moatte der bettere arbeidsbetingsten komme, mei mear fêste tsjinstferbannen.

Iepensteande fakatueres

Ek by jachtboubedriuw Gebroeders van Enkhuizen yn Makkum slagget it net om iepensteande fakatueres yn te foljen. "Wij zijn op zoek naar een scheepstimmerman", seit eigener Ronald van Enkhuizen. "We hebben dat nou een jaar lopen en ik heb nog niet een geschikte kandidaat kunnen vinden. Eigenlijk heeft nog niemand zich gemeld daarvoor. Zo moeilijk is het."