Betsy Polak koe har kwetsbere mantsje net behoedzje foar de oarloch

Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Polak fan Simon Stijlstraat 4 en Zoutsloot 135
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan de famylje Polak oan de Simon Stijlstraat en de Zoutsloot.
Yn de maitiid fan 1900 trout Pietje de Vries mei har grutte leafde, Izak Polak. Yn dy jierren fertsjinnet Izak de kost as lapkeman: hy hannelet yn linnen-, wollen- en katoenen stoffen.
It pear krijt trije bern en yn 1922 keapet Izak in hearehûs mei winkel oan de Simon Stijlstraat. Hy begjint in warehûs: 'De Vlijt.' Der is fan alles te keap, fan truien oant tekkens. Sels op snein is de winkel iepen.
Izak ferstjert yn 1930, noch mar 55 jier âld. Soan Nathan nimt de saak oer, mem Pietje bliuwt njonken de winkel wenjen. Nathan trout mei Betsy Frank, in jongfaam fan Grins. Betsy is altyd besoarge om har soantsje mei de ropnamme 'Iesje'. Hy is in fyn en kwetsber jonkje, mei swart hier.
Letter ferhuzet de húshâlding nei de Zoutsloot. As de oarloch útbrekt, sliepe sy geregeld by oerbuorlju. Net sûnder grûn, want in groep WA-manlju, in knokploech fan de NSB, sjit in kear dwers troch harren sliepkeamerrút hinne.
Yn 1942 felisitearje beppesizzers Pietje yn de krante mei har 70e jierdei en 'wenschen zij dat oma nog lang voor hen gespaard mag blijven'. Dat mei lykwols net sa wêze.

Ien foar ien nei Sobibor

Yn novimber 1942 wurde 18 Joaden út Harns nei Westerbork deportearre, ek Betsy en Iesje. Nathan bliuwt efter: mooglik om foar syn mem te soargjen, dy't yn it sikehûs leit. Net foar lang, want yn maart 1943 wurde ek Nathan en Pietje oppakt.
Sobibor is de einbestimming fan de famylje. Pietje Polak wurdt dêr op 20 maart fermoarde, 23 april folgje har soan, skoandochter en beppesizzer.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is eltse dei in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.