Lytse Raphaël en Jansje lieten har boartersguod efter yn Harns
Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje Pais fan Noorderhaven 32
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan Raphaël en Roosje Pais fan de Noorderhaven.
Raphaël Pais en syn frou Roosje Minco fêstigje har oan de Noorderhaven yn Harns. Dêr wurket Raphaël as 'scheepstagrijn': hy hannelet yn guod dat nedich is foar de skipfeart.
In pear huzen fierder wennet in neef mei eksakt deselde namme. Sy wurde 'groate Feli' en 'kleine Feli' neamd. De neven binne inoars grutste konkurrinten. Want neist deselde namme hawwe sy ek nochris itselde berop en wenje se oan deselde strjitte.
De winkel op nûmer 32 hjit 'De Goede Verwachting', de winkel op nûmer 18 'De Kotter.' It ferhaal giet dat as der in skip yn de haven komt, beide neven der sawat hinne fleane om mar as earste saken dwaan te kinnen.
Raphaël en Roosje Pais krije twa bern: Jansje (1933) en Raphaël (1934). Heit hat ek in eigen wurkplak, dat foar de bern in prachtige boartersromte is. Mar nei de ynfal fan de Dútsers mei dêr net mear wurke wurde.
De jassen omstrûpt
De famylje moat davidstjerren op 'e jas oanbringe. As Jansje en Raphaël by freontsjes op de Zuiderhaven boartsje, wurde har jassen omstrûpt, sa't oaren de stjerren net sjogge. Want Joaden binne hieltyd minder wolkom.
Op in dei binne sy net mear te finen. "Ze zijn opgehaald", wit in Harnzer te fertellen. Yn it lege hûs fan de famylje Pais komme nije minsken te wenjen. Oare bern boartsje mei de pop fan Jansje en de bal fan Benjamin.
De famylje Pais is yn novimber 1942 ôffierd nei Westerbork. Roosje en de bern moatte op 20 novimber 1942 nei Auschwitz en wurde dêr trije dagen letter fermoarde. Heit Raphaël bliuwt noch efkes efter, mar wurdt dêr úteinlik ek fermoarde yn febrewaris 1943.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is alle dagen in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.