Bennie de Vries luts de oandacht fan de famkes mei syn muzyk
Stroffelstiennen Harns: it ferhaal fan de famylje De Vries fan Heiligeweg 28a
De Holocaust liet ek djippe spoaren nei yn de Joadske mienskip fan Harns. Oant 4 maaie giet Omrop Fryslân by de 16 adressen del dêr't stroffelstiennen lizze. Hjoed it ferhaal fan de famylje De Vries fan de Heiligeweg.
Yn 1937 ferhúzje Aäron de Vries en syn frou Grietje de Wilde nei in hûs oan de Heiligeweg, boppe in garaazje. It pear krijt fiif bern, fan wa't Klara en Benjamin by har âlden yn Harns wenjen bliuwe.
Grietje mei graach bakke en itensiede. Op 'sjabbes'-jûnen (mei de rêstdei) dielt sy faak selsmakke 'butterkoek' út. Sy hat griis hier en pikswarte eagen. Heit Aäron hat in grutte, wite snor. Hy is in tradisjonele man: op de rêstdei en mei Joadske feestdagen hat er altyd gebedsklean oan.
De Vries is in echte hanneler. Mei syn soan reizget er eltse freed ier en betiid nei de Ljouwerter merk om hynders te ferkeapjen. Yn Harns hannelet er yn fodden en metaal. Hy hat sels in frachtweintsje om guod te ferfieren. As byfertsjinste ferkeapet er mollefellen. Nettsjinsteande alles giet De Vries yn 1937 fallyt.
In kreaze jongfeint
Soan Benjamin - 'Bennie' - is in knappe jongfeint, mei donkerbrún, slaggerich hier. Hy spilet trompet yn it Harnzer Stedelijk Muziekkorps en simmerdeis krijt er in soad oandacht fan de famkes yn Harns as er op it strân stiet te spyljen.
Bennie komt yn 'e kunde mei Annie Pan, in kristlik famke út Harns. "Twee geloven op één kussen, daar komt de duivel tussen", warskôget mem Grietje. Mar Bennie antwurdet: "Dan kruip ik Annie zo dicht an, dat de duivel er niet tussen kan."
Yn augustus 1942 is Bennie ien fan de earste acht Joadske manlju yn Harns dy't nei in wurkkamp stjoerd wurdt. Goed in moanne letter wurdt er fermoarde yn Auschwitz.
Foar Aäron en Grietje de Vries folget ek deportaasje, sy komme op 23 novimber yn Auschwitz om. Dochter Klara stjert op 20 maart 1943 yn Sobibor.
Oer hiel Europa lizze yntusken mear as 90.000 'stroffelstiennen', wêrop't de gegevens steane fan Joadske bewenners fan in adres yn de oarloch. Harns krige der 45, op inisjatyf fan feriening Oud Harlingen en it Centraal Comité 1945. Fan 17 april oant 4 maaie alle dagen in ferhaal, mei tank oan Oud Harlingen. Op telefyzje is alle dagen in ôflevering te sjen, nei Fryslân hjoed.