Fan iepen brêge oant wurge tellers: dit barde der op de Fryske stimburo's op ferkiezingsdei

Minsken oan it stimmen © ANP
It hâlden fan ferkiezingen is in útdaagjende operaasje: alle kiezers moatte de fereaske papieren krije, alle stimburo's moatte ynrjochte wurde en dan moat it tellen ek noch sekuer.
Mar dêr't hout kappe wurdt, falle spuonnen. Omrop Fryslân makke in ynventarisaasje fan de meast opmerklike ynsidinten yn de stimburo's by de Provinsjale Steate- en Wetterskipsferkiezingen. Dêrút wurdt dúdlik dat in dei op in stimburo beslist net ferfeelsum hoecht te wêzen.

Problemen mei de tangonklikens

Foar alle stimburo's wurdt foar de ferkiezingsútslach in proses-ferbaal opmakke. Dêr wurde ek ûnregelmjittichheden en klachten yn notearre. By de measte stimburo's ferrûn alles neffens plan, mar dat wie seker net oeral it gefal.
Sa wie it foar minsken mei in beheining op guon plakken dreech om te stimmen. Sa stie der yn it proses-ferbaal fan it stimburo fan sportkompleks De Trije yn Frjentsjer: "Stemhokje is niet toegankelijk voor rolstoelers. Blad moet daartoe eerst naar beneden worden gehaald. Rolstoelplank zit los, glijdt weg: gevaarlijke kier ongeveer 10 cm."
By hegeskoalle NHL Stenden wienen der problemen mei de doar. "Schuifdeuren (openslaande deuren) gaan voor mensen met een scootmobiel te snel dicht." Yn ûnder oare Ie en Ychtenbrêge wienen de stimburo's net goed tagonklik foar minsken yn in rolstoel, sa docht bliken út de prosessen-ferbaal.
Dizze stimmal wie net oeral © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn Súdwest-Fryslân wienen de saneamde stimmallen foar blinen en minsken dy't min sjogge net oanwêzich. Yn 't foar wie al bekend makke dat dizze minsken mei taksys nei stimburo's yn oare gemeenten brocht wurde soenen, sadat se dochs mei de stimmal stimme koenen.
Dochs kaam der by It Skûlplak yn Snits in klacht binnen dat der gjin soundbox of mal foar blinen wie.

Net genôch ljocht

En wa't wol goed sjen koe, hie it hjir en dêr dochs noch dreech. Yn Sickenga-oord yn Wolvegea waard klage dat der te min ljocht wie. En yn De Kamp yn Sumar fûnen minsken de kleuren op de stimbussen net bepaald behelpsum.
Bûtendoar wie it ljocht ek wolris in probleem, sa docht bliken út it proses-ferbaal fan De Trije yn Frjentsjer: "Geen verlichting vanaf parkeerplaats naar ingang stembureau. Wordt door aantal stemmers als zeer eng ervaren."
Hjir wie wol genôch ljocht © ANP
Net op alle plakken wienen de stimburo's op tiid iepen. "De opening van het stembureau was ongeveer 10 min. te laat. Er moest te veel worden opgeruimd. Een kiezer heeft niet gestemd op dat moment", sa wurdt meld oer it stimburo yn Wynjewâld.
En it stimlokaal yn de kantine fan VV Hearrenfean iepene ek wat letter. "Het stemlokaal is nog op slot op het moment dat we moeten beginnen, en we hebben niet het telefoonnummer van iemand die dat euvel kan verhelpen. Wel handig als dat er in het vervolg wel is."

Grutte drokte

De opkomst foar de Provinsjale Steateferkiezingen lei yn Fryslân op 65,6 persint. Fjouwer jier lyn wie dit 59,1 persint. Op guon stimburo's wie it dan ek merkber drok. Op De Feanhoop, yn Aldegea (De Fryske Marren) en Raard wienen der te min stimbiljetten.
Under mear yn Oerterp en Ljouwert klagen minsken oer lange wachttiden. By it stimburo yn MFC Westeinde yn Ljouwert rûnen de wachttiden op oant 20 minuten. De langste wachttiid waard lykwols meld yn Toppenhuzen, by MFC It Harspit. "De Westerbrug stond vandaag 2,5 uur open. Lange reistijd naar stembureau", wie de drûge konklúzje.
Dizze brêge soarge derfoar dat immen pas nei 2,5 oere stimme koe © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn de kategory opmerklik, dizze passaazje út it proses-ferbaal fan it stimburo yn De Tarin yn Eastrum: "Aantal kiezers was verbaasd dat ze zich moesten legitimeren: 'Dat hoeft anders ook nooit'."

Puntsje slipe

Yn MG Rehoboth yn Ljouwert wie der in bysûnder foarfal. De namme op de stimpas kaam troch in houlik net oerien mei de namme op de ID-kaart. "Gemeente geeft aan op "gevoel" af te gaan", sa krije de stimburoleden it advys.
De problemen wienen yn Lenna yn Wolvegea wat minder grut: "Kiezer gaf aan dat het potlood in stemhokje 2 geen goede punt had (opgelost door punt te slijpen)."
En oplost wie it probleem © ANP
Yn CBS De Optimist op It Hearrenfean koe der ek stimd wurde. De hege enerzjyprizen lieten dêr noch net harren spoaren efter. "Een vrouw vindt het jammer dat de deur open staat en de kachel aan. Slecht voor het milieu. Kan dit ook anders?"

Fan dinerkaart oant poster

Stimpas, identifikaasjebewiis, stimbiljet, potlead; yn it stimburo hawwe je noch wolris wat nedich, mar yn de griffomearde tsjerke fan De Westereen makken se it wol hiel bûnt: "Dinercadeaukaart gevonden. Ingeleverd bij gemeente."
Fan de tsjerke is it in lyts stapke nei Jezus. Yn VSG De Bron waard syn oanwêzigens troch in kiezer net hielendal wurdearre. "Er hing een poster met "kies voor Jezus" en dat vond een kiezer niet prettig. Er wordt niet speciaal naar een partij gewezen dus ze mogen in dit gebouw blijven hangen", is de konklúzje yn it proses-ferbaal.
Flaterkes wurde oeral wolris makke. Yn 't Buurthuus yn Noardwâlde wie lykwols wol in hiel ûngelokkich ynsidint. "Twee personen hebben twee keer een stembiljet Provinciale Staten gekregen en hier twee keer mee gestemd. Ze hebben dus niet voor het waterschap gestemd."
Klear om te tellen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Oan de ein fan sa'n ferkiezingsdei moatte de stimmen teld wurde. Foar guon stimburoleden duorre de dei lykwols wat te lang. "Stembureaulid/teller had geen zin meer en heeft stembureau vervroegd verlaten. Dat gaf enorme problemen voor de medeleden. Dit is niet gepast/wenselijk als men niet op zijn of haar mede-stembureauleden kan rekenen", falt te lêzen yn it proses-ferbaal fan De Koppejan yn Jobbegea.
Yn de Sionstsjerke yn Aldskoat inselde soart probleem. "... Is niet op komen dagen bij het tellen. Volgens een van de anderen was dit de vorige keer bij dezelfde meneer ook het geval. Ik heb gebeld. Hij was het vergeten: sorry, en ik zit in Zwolle, kan niet komen."
Aldskoat koe gewoan in útslach melde, lykas alle oare stimburo's yn de provinsje. De útslach is tongersdei definityf makke. Dêrmei sitte de ferkiezingen derop. Takom jier kinne we wer nei de stimbus, dan foar it Europeesk Parlemint.