Definitive útslach Steateferkiezingen bekend: dit binne de 43 Steateleden

De bekendmakking fan de definitive útslach fan de Steateferkiezingen hat gjin ferskowingen mear feroarsake. Dat betsjut dat de BBB fjirtjin sitten krijt. Yn totaal binne der fjirtjin fraksjes mei minstens ien sit.
Der is gjinien Steatelid dy't op basis fan foarkarsstimmen yn de Provinsjale Steaten komt. Allinnich Femke Wiersma, de nûmer 28 fan de BBB, krige dêrfoar genôch stimmen, mar sy hat earder al oanjûn dat se dy sit net ynnimt. Se is wol de kandidaat-deputearre foar de BBB.
Foar in foarkarssit moat in kandidaat 1972 stimmen krije. Njonken Wiersma binne der 25 kandidaten dy't dêroan foldogge, mar dy komme sowieso al yn de Steaten op basis fan harren posysjes op de kandidatelisten.
De drompel foar in foarkarssit is in kwart fan de kiesdieler. De kiesdieler is it totale tal jildige útbrochte stimmen dield troch it tal beskikbere sitten. Yn Fryslân dat 339.081 / 43 = 7885,60465. Dêr in kwart fan is 1971,4.
Guon minsken stimme bewust op in kandidaat dy't wat leger op de list stiet. Bygelyks omdat se dy persoanlik kenne, omdat dy út de eigen regio komt of om mear froulju yn de Steaten te krijen.
Troch dy foarkarsstimmen kin ien dy't oars bûten de boat falle soe, dochs noch keazen wurde. As in kandidaat mear stimmen as de 'foarkarsdrompel' krijt, springt dyjinge oer in oare kandidaat hinne dy't heger op de kandidatelist stie, mar minder stimmen krige.
Yn Fryslân is dat by dizze ferkiezingen dus net it gefal en dêrom komme de earste kandidaten op de ferskate listen yn de Steaten.
Yn totaal stiene der foar de 17 dielnimmende partijen 519 kandidaten op de listen. Alle gemeenten wiene op de kandidatelisten fertsjintwurdige, sels de eilângemeenten.
Mar yn Provinsjale Steaten is mar plak foar 43 Steateleden. Sy komme út 30 ferskate plakken.
Sjoch op ûndersteande kaart wat de wenplakken binne fan de 43 nije Steateleden. Klik hjir om de kaart yn in nij finster te iepenjen.
De minsken dy't yn de Steaten komme, binne ôfkomstich út tolve Fryske gemeenten. Ljouwert is mei 11 minsken it meast fertsjintwurdige, dêrnei folgje Hearrenfean, Smellingerlân, Waadhoeke, Súdwest-Fryslân en Opsterlân.
Seis gemeenten lykje net fertsjintwurdige
Seis gemeenten komme net mei in kandidaat yn de Steaten. Dat binne trije trije eilângemeenten, Amelân, Flylân en Skiermûntseach. Mar ek Harns en East- en Weststellingwerf hawwe gjin kandidaten dy't heech genôch einigen om yn de Steaten te kommen.
Wat opfalt is dat foaral út it westen en it suden fan de provinsje net in soad Steateleden komme. Folle westliker as Snits en súdliker as Ousternijegea giet it net. Ek ûnder Bakkefean en De Gordyk is in grutte wite flek.
Sjoch op ûndersteande kaart watfoar gemeenten fertsjintwurdige binne yn de nije Steaten. Klik hjir om de kaart yn in nij finster te iepenjen.
Der komme 26 manlju en 17 froulju yn de nije Steaten te sitten. Dat komt del op 60,5 persint manlju en in 39,5 persint froulju.
Troch de ferkiezingen is de ferhâlding tusken manlju en froulju ferbettere. By de ynstallaasje fan de ôfrûne Steaten yn 2019 wie it noch 62,8 persint man en 37,2 persint frou.
Mar trochdat guon de polityk ferlieten en oaren deputearre waarden, waard de ferhâlding noch folle briker. Oan de ein fan de perioade wie dêrtroch sels 79,1 persint man en mar 20,9 persint frou.
Fan de 43 leden dy't op dit stuit noch yn Provinsjale Steaten sitte, lykje der mar 16 werom te kommen. Dat komt del op sa'n 37 persint.
Trije feteranen yn it Provinsjehûs
Sjogge je nei de Steaten fan 2015, dan binne der noch mar trije leden fan doe dy't kâns meitsje werom te kommen. Dat giet om Avine Fokkens (VVD), Max Aardema en Harrie Graansma (beiden fan de PVV).

Fan dizze feteranen spûket Fokkens al it langst op it Provinsjehûs om, yn maart 2007 waard sy Steatelid. De ôfrûne fjouwer jier wie sy dêr net yn de rol fan Steatelid, mar as deputearre. Max Aardema is sûnt 2011 Steatelid, hy sit dêrmei al it langst oan ien stik troch yn de Steaten.
Fersnipeling yn de Steaten
Dêr't no fjirtijn fraksjes yn Provinsjale Steaten komme, wiene it der yn 2019 noch tolve. Dêrmei fersnipelje Provinsjale Steaten fierder.
Hoewol't 50PLUS út de Steaten ferdwynt, komt der ek in tal nije partijen by: dat binne JA21, Provinciaal Belang Fryslân en BBB. Yn 2019 die Forum voor Democratie foar it earst mei, yn 2015 wiene der noch 11 fraksjes.

Yn nije Steaten komme leafst seis ienmansfraksjes: JA21, Provinciaal Belang Fryslân, Partij voor de Dieren, D66, SP en Forum voor Democratie. It neidiel fan in soad fraksjes is dat it dreger wurdt om besluten te nimmen. Ek hat it ynfloed op de folsleine sprektiid, dy't langer wurdt as alle fraksjes har wurdsje dwaan wolle.
Grutte oerwinning ek wer net unyk
De BBB hat mei 27,9 persint fan de stimmen wûn. Dy oerwinning is grut, mar yn de histoarje ek wer net unyk. Sa helle de PvdA yn 1987 sels 38,9 persint fan de stimmen.
Yn 1970 hellen de Katholieke Volkspartij, Anti-Revolutionaire Partij en de Christelijk-Historische Unie as kombinaasje fan kristlike partijen sels 42,6 persint. Letter soene sy it CDA foarmje.
Foar BBB sels moatte de fjirtjin sitten ek as in knyn út 'e hege hoed kaam wêze. Yn jannewaris ferwachte listlûker Abel Kooistra noch seis oant njoggen sitten helje te kinnen. Ek yn in debat by Omrop Fryslân, fiif dagen foar de ferkiezingen, sette er yn op njoggen.