Omrop Fryslân

Hoe sjocht de dei fan in Steatelid derút?

Steatelid Wiebo de Vries nimt nei tolve jier ôfskied
© Omrop Fryslân
Moarn meie wy stimme foar de Provinsjale Steaten ferkiezingen. It bestjoer fan de Provinsje fergaderet ien kear yn 'e moanne yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Mar hoe sjocht sa'n dei derút? En wat wurdt der besprutsen op sa'n gearkomste?
Steatelid Wiebo de Vries fan de ChristenUnie siet tolve jier lang yn de Steaten. De lêste gearkomste foar de ferkiezingen is foar him in spesjalen ien, want foar him it it ek de lêste as Steatelid.
De Steaten ha dizze gearkomste in drok programma: Holwert oan See, Alliander en in soad aktuele tema's wurde hjoed bepraat, lykas it iepenbier ferfier en Befrijingsdei.
Wiebo de Vries lit sjen hoe't in dei as Steatelid derút sjocht:
In dei fan in Steatelid
Nei de ferkiezingen geane de Steaten fierder yn in oare formaasje, mei de nij keazen Steateleden. Op 29 maart wurde de nije Steateleden ynstallearre en ferdielt de kommissaris fan de Kening, Arno Brok, de fêste plakken yn de Steateseal.
De Steateleden kombinearje de funksje fan Steatelid mei harren 'gewoane' baan. Wiebo de Vries is bygelyks ûndernimmer.
Mar it wurk as Steatelid nimt ek in soad tiid yn beslach: sa'n 20 oant 25 oeren yn de wike. Want njonken de moanlikse fergaderdei binne der noch allegear oare gearkomsten, dy't boppedat in soad tariedingstiid freegje. Foar harren wurk krije Steateleden sûnt dit jier in fergoeding fan 1.895 euro bruto de moanne.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.