Dizze santjin partijen dogge op 15 maart mei oan de Steateferkiezingen

Der dogge santjin partijen mei oan de Provinsjale Steateferkiezingen yn Fryslân op 15 maart. Dat is niiskrekt bekend wurden.
Op in iepenbiere sitting fan it sintraal stimburo binne de listen fêststeld. Earder dizze wike moasten de partijen har listen ynleverje: santjin partijen foldogge oan de easken en steane dus op 15 maart op it stimformulier.
Fierwei de measte partijen dienen fjouwer jier lyn ek mei oan de Steateferkiezingen, mar der binne ek in pear nije: JA21, BVNL, de AWP en de BoerBurgerBeweging. Jezus Leeft woe ek meidwaan, mar dy partij sammele net genôch hantekens.
Dizze partijen dogge mei op 15 maart:
CDA
Listlûker: Friso Douwstra
Fjouwer jier lyn: 8 sitten
Fjouwer jier lyn: 8 sitten
Forum voor Democratie
Listlûker: Albert van Dijk
Fjouwer jier lyn: 6 sitten
Fjouwer jier lyn: 6 sitten
Partij van de Arbeid
Listlûker: Edou Hamstra
Fjouwer jier lyn: 6 sitten
Fjouwer jier lyn: 6 sitten

VVD
Listlûker: Avine Fokkens
Fjouwer jier lyn: 4 sitten
Fjouwer jier lyn: 4 sitten
FNP
Listlûker: Sijbe Knol
Fjouwer jier lyn: 4 sitten
Fjouwer jier lyn: 4 sitten
GrienLinks
Listlûker: Charda Kuipers
Fjouwer jier lyn: 3 sitten
Fjouwer jier lyn: 3 sitten
ChristenUnie
Listlûker: Matthijs de Vries
Fjouwer jier lyn: 3 sitten
Fjouwer jier lyn: 3 sitten
PVV
Listlûker: Max Aardema
Fjouwer jier lyn: 3 sitten
Fjouwer jier lyn: 3 sitten

SP
Listlûker: Hanneke Goede
Fjouwer jier lyn: 2 sitten
Fjouwer jier lyn: 2 sitten
D66
Listlûker: Danny van der Weijde
Fjouwer jier lyn: 2 sitten
Fjouwer jier lyn: 2 sitten
Partij voor de Dieren
Listlûker: Menno Brouwer
Fjouwer jier lyn: 1 sit
Fjouwer jier lyn: 1 sit
50Plus
Listlûker: Herman Nota
Fjouwer jier lyn: 1 sit
Fjouwer jier lyn: 1 sit
JA21
Listlûker: Maarten Goudzwaard
Fjouwer jier lyn: net meidien
Fjouwer jier lyn: net meidien

BVNL
Listlûker: Johan Talsma
Fjouwer jier lyn: net meidien
Fjouwer jier lyn: net meidien
Provinciaal Belang Fryslân
Listlûker: Sandra de Jong-Snip
Fjouwer jier lyn: 0 sitten
Fjouwer jier lyn: 0 sitten
AWP voor Water, Klimaat en Natuur
Listlûker: Frans de Graaf
Fjouwer jier lyn: net meidien
Fjouwer jier lyn: net meidien
BoerBurgerBeweging
Listlûker: Abel Kooistra
Fjouwer jier lyn: net meidien
Fjouwer jier lyn: net meidien
De ferkiezingen foar it Wetterskip Fryslân binne ek op 15 maart. Dêr dogge yn Fryslân alve partijen oan mei: CDA, Water Natuurlijk, PvdA, FNP, VVD, Lagere Lasten Burger, ChristenUnie, Partij voor de Dieren, BoerBurgerBeweging, BVNL en AWP voor Water, Klimaat en Natuur.
Sjoch foar mear ferkiezingsnijs op ús dossierpagina.