Op woansdei 15 maart meie we wer mei-inoar nei de stimbus om de nije leden fan de Provinsjale Steaten te kiezen. Yn it programma Fryslân Kiest bringt Omrop Fryslân elkenien as earste op 'e hichte oer de ferkiezingen. De útslaggejûn is live te folgjen by Omrop Fryslân, mei prognoazes, útslaggen en analyzes.

Op 15 maart, de dei fan de ferkiezingen, sit Omrop Fryslân der boppe-op. De hiele dei is alles te folgjen fia in liveblog op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Live út it Provinsjehûs yn Ljouwert folget Omrop Fryslân it tellen fan de stimmen, de earste tuskenútslaggen en de foarriedige einútslaggen, mei reaksjes en analyzes. Fryslân Kiest set om 20.00 oere útein, de presintaasje leit yn hannen fan Andries Bakker en Jan Dirk de Haan. De dei nei de ferkiezingen is ek alles te folgjen fia in liveblog mei ûnder oare mear reaksjes en fierdere útslaggen.