BBB de grutste yn Fryslân: "Ik moat mysels in pear kear knipe"
De BoerBurgerBeweging dinderet Provinsjale Steaten binnen. Allinne de útslach Weststellingwerf ûntbrekt noch, mar de winst fan BBB is wol dúdlik. "Ik moat mysels wol in pear kear knipe", seit listlûker Abel Kooistra.
Kooistra hie der yn 't foar wol rekken mei holden dat er de grutste wurde koe, mar hy doarde net te sizzen hoe grut krekt. "Foar my is dit histoarysk. Ik hearde al ien sizzen: sûnt Thorbecke hat dit net plakfûn. Wy skriuwe skiednis as BBB."
Tsjin it Haachske belied
De listlûker tinkt wol te witten wêr't it sukses wei komt. "Minsken kenne har net mear werom yn it Haachske belied fan hjoed-de-dei. Ik tink dat dit de wichtichste reden is dat minsken BBB stimme."
Mar it is net allinnich troch it sentimint yn it lân dat BBB sa goed skoart, seit de listlûker. "Wy hawwe it net kado krigen, Caroline (van der Plas, red.) hat hartstikke goed wurk levere yn de Twadde Keamer. Se hat de polityk tichter by de minsken brocht."
Kooistra is fan betinken dat BBB in eigen politike line hat dy't dúdlik is en dy't oansprekt. "Minsken wolle in oare koers, dêrom stimme se op BBB."
De ferantwurdlikens dy't no op de skouders leit fan dizze nije partij yn de Fryske Steaten is wol grut. "Mar dêr steane wy gewoan foar oan de latte. Ik foarsjoch dêr gjin problemen yn."
Hoe no fierder
Kooistra wol noch neat sizze oer hoe't er aanst fierder wol mei it foarmjen fan in kolleezje. "Wy wolle net yn 't foar alles al ynkleurje. Wy hawwe earst in gearkomste binnen ús eigen partij." Hy stiet wol iepen om mei alle partijen te praten. "Mar wy moatte earst mar sjen hoe't de knikkers ferparte binne."
BBB wol ek noch net foarútrinne op it oantal deputearren dat de partij leverje wol foar in kolleezje. Kooistra is yn elts gefal fan doel syn klup minsken byinoar te hâlden. Hy wol net dat de fraksje útinoar falt, lykas mei Forum voor Democratie barde nei de foarige ferkiezingen.
Prioriteit nûmer ien is dat wy alle noazen deselde kant op hâlde. Gjin argewaasje yn de fraksje.
"Prioriteit nûmer ien is dat wy alle noazen deselde kant op hâlde. Gjin argewaasje yn de fraksje", jout er oan. "By twivel hawwe wy minsken net op de list set."
"Wy binne mear as oardel jier ûnderweis mei dizze groep", seit er. "We ha trainingen hân oer debatten, oer kampanje, oer media. Fansels moatte guon minsken noch wat byspikere wurde, hjir hiene wy net hielendal rekkening mei holden."
Femke Wiersma joech earder al oan graach foar de BBB yn Deputearre Steaten te wollen. Wiersma tinkt lykas Kooistra dat de partij de ferantwurdlikens yn it bestjoer oankin.
It hat neffens har ek in bewuste kar west om net oan de ôfrûne gemeenteriedsferkiezingen mei te dwaan. Sûnt dy tiid hat de partij him ûntwikkele en kinne de minsken it oan: alles is taret en de listen binne lang genôch. BBB hat it net oer him hinne komme litten, seit Wiersma.
Sjoch foar alle ynformaasje en al it nijs oer de Steateferkiezingen op Omropfryslan.nl/ferkiezingen.