'De stim fan Abel en Edou', jonge listlûkers yn de Fryske polityk

Edou Hamstra yn Provinsjale Steaten © Dirk Hofstede
Edou Hamstra en Abel Kooistra binne krekt 28 jier en no al listlûker fan in politike partij by de Provinsjale Steateferkiezingen, aanst op 15 maart. Edou foar de PvdA en Abel foar de BBB. It gros fan de politisy op it provinsjehûs is 50-plus. Mar Abel en Edou wolle just as jongelju har stim hearre litte.
De FryslânDOK 'De stim fan Abel en Edou'
Sneon 11 maart NPO2 15.30 oere (werhelling 12 maart 13.20 oere)
Snein 12 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Foar Abel Kooistra is de polityk in nij aventoer, al ken hy it provinsjehûs fan syn eardere wurk as meiwurker fan de PVV-fraksje. Dochs fielde hy him by de nije BoerBurgerBeweging pas echt thús.
No is er de Fryske listlûker fan de BBB. Abel is sels ek fan boerekomôf, syn famylje hat in biologysk bedriuw yn Warstiens. Mar biologysk buorkjen is foar Abel net hillich. Hy fynt dat alle boeren de frijheid en romte hâlde moatte om sels te kiezen.
Abel Kooistra mei syn heit en broer © Dirk Hofstede
As dochter fan de grienteman fan Eastermar seach Edou Hamstra fan efter de toanbank de ûngelikens foarbykommen. Guon klanten hiene amper jild foar in blomkoal, oare seine tsjin har bern: 'Sykje mar út watst ha wolst'.
Edou waard lid fan de Partij van de Arbeid en siet as 23-jierrige al yn de bankjes fan de Fryske Steateseal. No fiert se de list oan by de ferkiezingen.
Edou Hamstra © Dirk Hofstede
Abel is berne yn Warstiens, as boeresoan mei fjouwer broers. Sels woe hy gjin boer wurde, hy hat skiednis studearre. Hy fielt him bot ferbûn mei it plattelân en siet earder yn it bestjoer fan de Jeugdsoos fan Wergea.
As foaroanman fan de BBB wol hy him ynsette foar mear wenningen yn de doarpen, en dan foaral foar minsken 'mei in lokale bining'.
Abel Kooistra by syn berteplak Warstiens © Dirk Hofstede
Edou hat bestjoerskunde studearre en wie al jong mei polityk dwaande, doe't se de striid oangie foar in bushalte yn har eigen doarp Eastermar. Se wol har graach ynsette foar oare minsken en de mienskip.
Mei har 90-jierrige pake Feike Hamstra praat se graach oer polityk. Hy hat yn it ferline wethâlder west foar it CDA yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Edou by har pake Feike Hamstra, âld-wethâlder foar it CDA © Dirk Hofstede
Wat driuwt Abel en Edou, en wêr komme har idealen wei? De FryslânDOK 'De stim fan Abel en Edou' giet net oer partijpolityk en oer it winnen of ferliezen fan sitten. It is it ferhaal fan twa jonge minsken dy't de provinsjale polityk yn wolle - foar in protte leeftiidsgenoaten dochs in ûnbekend en stoffich terrein.
Abel en Edou wolle net oan 'e kant stean bliuwe. Sy dreame allebeide, al is it wol hiel ferskillend, fan in bettere maatskippij.
Programmamakker Karen Bies oer de FryslânDOK