FryslânDOK: 'Rûzje wyn' mei dichter Elmar Kuiper

Elmar Kuiper © Ester Eva Damen
De trijedielige FryslânDOK-searje 'Rûzje wyn' (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper.
FryslânDOK 'Rûzje wyn' - 'Minskewolf' mei Elmar Kuiper
Sneon 4 maart NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.10 oere)
Snein 5 maart Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskate talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke mei harren in rige byldfertellingen by in Frysk gedicht.
In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kaam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy't se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.
Byld út de film 'Minskewolf' © Ester Eva Damen
Mei dichter Elmar Kuiper makke Ester Eva Damen in teäterfoarstelling mei film en poëzy. Yn de multymediale foarstelling, mei akteur Rienk Nicolai en muzyk fan de Tigers fan Greonterp, draacht Elmar Kuiper sjongend Frysktalige gedichten foar dy't foar in part oer syn eardere wurk yn de psychiatry gean en foar in part oer de moeting mei de oar.
Rienk Nicolai en Elmar Kuiper © Ester Eva Damen
Elmar Kuiper (Snits, 1969) is dichter, sjonger en keunstner.
Yn de film moetsje de Fakman (broeder) en de Minskewolf (pasjint) elkoar. Hoe ferhâlde se har ta elkoar? It is mar de fraach wa't de broeder is en wa't holpen wurdt.
Elmar Kuiper
Diel 1 'Hok fan rou' mei Tsead Bruinja wie 18-19 febrewaris te sjen en diel 2 'As de fisken' mei Nynke Laverman wie 25-26 febrewaris te sjen.