Pinne, kwaste en mikrofoan fjochtsje om foarrang by tûzenpoat Elmar Kuiper

Dichter, keunstner, en muzikant: Elmar Kuiper kinst mei rjocht in kreative tûzenpoat neame. Forsearre oan de slach gean hat gjin doel, seit er. En dus ruilet hy de pinne fan it iene op it oare momint yn foar de kwaste of mikrofoan.
It is in kwestje fan de goeie kadâns fine, seit de yn Snits berne Elmar Kuiper. Hy lavearret tusken it skriuwerskip, byldzjende keunst, en muzyk. Uteringsfoarmen dêr't er net sûnder liket te kinnen. Wol set er it soms efkes yn 'e wacht, om it oare wer oppakke te kinnen.
"Ik bin de ôfrûne twa moannen begûn te skilderjen. Mar no wol ik wer efkes dwaande wêze mei taal. Foarhinne woe ik dat stjoere. Sa fan 'no moat ik skriuwe'. Mar dat wurket net. It moat fansels komme ha ik leard", seit Kuiper (53). "Skriuwe is ek in hiel oar proses. Dêr hawwe je mear ferstân by nedich. Logika. Wurden yn de goede folchoarder sette. Keunst giet mear gefoelsmjittich."

Master as motivator

As bern hiene papier en potlead al in grutte oanlûkingskrêft op Kuiper. Wêr't de oare bern yn de klasse net goed wisten wat se dermei oan moasten, dêr skeat de jonge Elmar fuortendaliks út de startblokken. It gie as fansels, fertelt er.
"Ik wie dan trije oeren lang echt yn trance. It byldzjend tekenjen, dêr koe ik my hielendal yn ferlieze. De master siet ûnderwilens faak in Caballero bûten it lokaal te smoken. Sa gie dat doe, haha."
"Hy hat my trouwens bot stimulearre mei it tekenjen. Fan de master krige ik in sketsdoaze en sketsboekjes. In soad minsken komme wol in ûnderwizer tsjin dy't him of har motivearret. Foar my wie dat dizze master op de legere skoalle", seit Kuiper. "Elkenien hat wol in talint. Mar je moatte dêr wol nei op syk gean, en der foar iepenstean. Dat jou ik myn bern ek mei."
Dy dûbeleksposysje mei myn dochter Brecht, dat die echt wat mei my.
Elmar Kuiper
Kuiper hat fjouwer bern. Mei de âldste Brecht hie er in dûbeleksposysje mei tekeningen, skilderijen en romtlik wurk. Heit Kuiper strielet as it ûnderwerp op tafel komt.
"Ja, geweldich. Dat die ek echt wat mei my. Ik bin dêr tige grutsk op. Se hat prachtige dingen sjen litten. Se makket spontane en frisse keunst. Sels wie ik noch hielendal net safier op myn achttjinde", seit Kuiper, dy't lykas Brecht de keunstakademy Minerva yn Grins folge.
As byldzjend keunstner fantasearret er noch wolris oer in eksposysje yn it bûtenlân. "New York, of yn Berlyn, dat soe hiel moai wêze. As it net slagget is dat prima. Ik bin yn alle gefallen bliid dat ik my frij fiel as keunstner. Ik meitsje wurk dat ik meitsje wol."

(te) Heech springe

Dat hat lang net altyd sa west, fertelt er. Kuiper wie ynterdissiplinêr ôfstudearre. Wat ynhâldt dat er him ferskate fasetten eigen makke hie. Wat er no krekt ta utering bringe woe, wie him net altyd dúdlik, wat it kreative proses blokkearre.
"En ik tocht wolris: 'wat kin ik noch bydrage? Alles is al skildere'. Bespotlik fansels. Mar dat is dochs wat it aard fan it bistje. Hiel heech ynsette. Perfeksjonisme", seit er.
"Guon fertelle my ek wolris dat ik net daliks twa meter heech hoech te springen, mar dat it ek wat leger kin. Dat is foar my net altyd like maklik. Mar ik wit no wol: je moatte dy kwast gewoan oppakke en begjinne."
Myn holle makket dan oeroeren. Dat komt omdat ik dingen fan eartiids net ferwurke ha.
Elmar Kuiper
Neist sjonger fan Tigers fan Greonterp, dêr't meikoarten in nij album fan útkomt, is er ek yn it spier as dichter. Sa brocht er ferline jier de ferhalebondel 'In frjemde fûgel' út. Hjiryn skriuwt Kuiper sân ferhalen oer sân ferskillende manlju. "Of in man mei sân ferskillende persoanlikheden. It is mar wat je wolle", seit Kuiper, dy't ek fertelt dat de ferhalen in autobiografysk karakter hawwe.
"Dat konflikt mei de bûtenwrâld, dat libbet by mysels ek. Ik bin in heech gefoelich persoan, mei miskien wol wat autistyske trekken. Ik kin ek net te folle dwaan op in dei. Ik moat de tiid nimme om wat ik meimakke haw in plak te jaan. Want myn holle makket dan oeroeren. Dat komt omdat ik dingen fan eartiids net ferwurke ha."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Kuiper wol de lêzer mei de ferhalen meinimme yn de holle fan de persoan of persoanen. "Dan bin ik benijd oft se bygelyks mei dy persoan te dwaan hawwe, of dat it krekt hiel wat oars opropt."

Tichtbondels yn New Dehli

De teksten fan Kuiper bleaune sels yn it bûtenlân net ûngemurken. Yn New Dehli komme dizze moanne gedichten fan de Fries yn de boekwinkels te lizzen. Tachtich fersen fan syn hân wurde útbrocht yn it Ingelsk.
"Tsja, hoe is dat kaam. Yn 2019 wie ik yn Calcutta op in poëzyfestival. Nei't ik foardroegen hie, kaam der ien nei my ta. Mei de triennen yn de eagen fertelde er my dat er djip ûnder de yndruk wie fan in gedicht oer de ferkwânseljen fan it Fryske lânskip.
Hy heakke deroan ta dat hy myn gedichten graach útbringe woe yn Yndia", fertelt Kuiper. Hy hearde it foarstel mei wat skepsis oan, jout er ta. "It sil wol, tocht ik. Mar we hâlden kontakt en hy hat wurd hâlden."
Kuiper is der wiis mei dat soks bart. "Dat myn wurk aanst yn Yndia te lêzen falt, is fansels prachtich. Lykas dat ik mei myn dochter eksposearje mocht. Ja, dat binne de echte kado's yn it libben."

De top 5 fan Elmar Kuiper

Artyst Nûmer
Gary Numan Are 'Friends' Electric?
Tigers fan Greonterp Sear Dien
Joy Division Atmosphere
Associates White Car in Germany
Svered Heads Dead Eyes Open