FryslânDOK: 'Rûzje wyn' mei Tsead Bruinja

Tsead Bruinja © Ester Eva Damen
De trijedielige FryslânDOK-searje 'Rûzje wyn' (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper.
FryslânDOK 'Rûzje wyn' - 'Hok fan Rou' mei Tsead Bruinja
Sneon 18 febrewaris NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.10 oere)
Snein 19 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskate talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke mei har in rige byldfertellingen by in Frysk gedicht.

Fergetten gefoelens

In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se hat de Fryske taal altyd moai fûn, ek al learde se it net praten of skriuwen. Se kaam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy't se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens, krekt sa't geuren dat mei it ûnthâld dwaan kinne.
Ut de film 'Hok fan Rou' © Ester Eva Damen
Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) wennet en wurket yn Amsterdam. Hy wie yn 2019 en 2020 'Dichter des Vaderlands.' Ester Eva dielde mei him har oantinkens oan skuorrefeesten op it Fryske plattelân. Dat late ta in gedicht en de film 'Hok fan Rou.'
Tsead Bruinja © Ester Eva Damen
Yn de film moetsje taal en bewegend byld inoar, mei as doel om los fan de letterlike wurden ta wat nijs te kommen. Taal en byld ha eigen regels, mar kinne wol mei-inoar boartsje. Tiid wurdt yn taal oars belibbe as yn bewegend byld. In filmmontaazje hat oerienkomsten mei de assosjative mooglikheden fan in gedicht.
Tsead Bruinja oer de dokumintêre
Diel 2 'As de fisken' mei Nynke Laverman is op 25-26 febrewaris te sjen en diel 3 'Minskewolf' mei Elmar Kuiper op 4-5 maart.