FryslânDOK: 'Rûzje wyn' mei Nynke Laverman

Nynke Laverman © Ester Eva Damen
De trijedielige FryslânDOK-searje 'Rûzje wyn' (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper.
FryslânDOK 'Rûzje wyn' - 'As de fisken' mei Nynke Laverman
Sneon 25 febrewaris NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.10 oere)
Snein 26 febrewaris Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskate talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke mei harren in rige byldfertellingen by in Frysk gedicht.
In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kaam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy't se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.
Dûnseres Sabrina Huth yn de film 'As de Fisken' © Ester Eva Damen
Foar de makker wienen de wurden 'Kom as de fisken' in oanroppen fan de natuer. De natuer komt yn de koarte film dan ek tichterby.
Yn de film wurdt de syklus libben-dea-libben ferbylde mei as ynspiraasje it meunster Buzehappert út âlde ferhalen en it ferhaal fan de Skelettefrou (alter ego fan Laverman). Mei dûnseres Sabrina Huth is filme mei natuer yn de haadrol.
Nynke Laverman © Ester Eva Damen
Nynke Laverman (Weidum, 1980) is sjongeres en teätermakker. Ester Eva liet har ûnder oare ynspirearje troch in liettekst fan Nynke: 'Kom as de fisken/kalm mei iepen eagen/sûnder seare wurden'. Ut dizze moeting is de film 'As de Fisken' ûntstien.
Nynke Laverman
Diel 1 'Hok fan rou' mei Tsead Bruinja wie 18-19 febrewaris te sjen en diel 3 'Minskewolf' mei Elmar Kuiper folget op 4-5 maart.