De ferkiezingen yn fiif kaarten: de oerwinning fan de BBB yn byld

Abel Kooistra (BBB) © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Allinnich yn de stêd Ljouwert hâldt de PvdA - en yn mindere mate GrienLinks - him noch steande, fierder is sawat hiel Fryslân BBB-terrein. De nije partij hat by hast elk stimburo yn Fryslân de measte stimmen krigen.
Dat de BoerBurgerBeweging geweldich skoarde, wie al yn de útslach te sjen: de partij komt mei 14 sitten yn Provinsjale Steaten. De hegemony fan de Partij van de Arbeid en it CDA is dêrmei trochbrutsen.
De PvdA is allinnich yn de gruttere plakken op noch in pear stimburo's de grutste: yn Ljouwert, Snits, Drachten en Harns. Ek op West-Skylge docht de partij it noch goed: de ferklearring dêrfoar is it wenplak fan de nûmer twa op de list, Christa Oosterbaan.
Sjoch hjirûnder nei de útslach fan elk stimburo. Klik op in boltsje om de útslach te besjen of klik hjir om de kaart yn in nij finster te iepenjen.
De BBB is yn elke gemeente de grutste en dat is ek werom te sjen op de kaart. Fan alle 254 plakken mei minstens ien stimburo binne der mar acht dêr't de BBB minder as 20 prosint fan de stimmen krigen hat.
Tagelyk binne der tweintich plakken dêr't mear as de helte fan de stimmers it fakje fan de BBB oanfinkt hat. Utsjitters binne It Heidenskip en Bantegea, mei elk mear as 60 prosint foar de BBB.
Wat donkerder it boltsje, wat grutter it oandiel BBB-stimmers. Klik hjir om de kaart te fergrutsjen.
Fjouwer jier lyn waard it CDA noch de grutste partij yn Fryslân, mei 16,7 prosint fan de stimmen. Dêr is minder as de helte fan oerbleaun. Dat is ek op de kaart te sjen. Yn gjin inkeld plak krijt de partij fan listlûker Friso Douwstra mear as 17 prosint.
Yn 189 fan de 254 plakken mei minstens ien stimburo krijt it CDA sels minder as tsien prosint fan de stimmen. Benammen yn de Stellingwerven skoart de partij min: op in soad plakken stimde minder as ien op de tweintich minsken op it CDA.
Wat donkerder it boltsje, wat grutter it oandiel CDA-stimmers. Klik hjir om de kaart te fergrutsjen.
Alle kearen dat it CDA de lêste desennia net de grutste partij yn Fryslân wie, dan wie de PvdA dat. By dizze ferkiezingen ferliest de PvdA ek, al is it ferlies minder grut as by de ivige konkurrint. De partij fan listlûker Edou Hamstra krige fan 10,6 prosint fan de Friezen de stipe.
Dy stipe komt foar it grutste part út de stêden. Yn de stêd Ljouwert is de PvdA de grutste partij, mar it ferskil mei de BBB bliuwt beheind: 6.584 om 5.832.
Yn 75 plakken krijt de PvdA mear as tsien prosint fan de stimmen. Dêrtsjinoer steane 54 plakken dêr't de partij minder as fiif prosint krijt.
Wat donkerder it boltsje, wat grutter it oandiel PvdA-stimmers. Klik hjir om de kaart te fergrutsjen.
Hoe grut de oerwinning foar de BBB is, is ek op ûndersteande kaart te sjen. Want sels as de PvdA en GrienLinks ien partij foarmen by de Steateferkiezingen, lykas yn Seelân, dan noch hie de BBB yn hast elk plak de grutste partij west. De fiktive partij PvdA-GrienLinks hie mar yn sechstjin plakken de grutste west.
Klik op in boltsje om it ferskil te besjen. Klik hjir om de kaart te fergrutsjen.
Tongersdei wurdt de offisjele útslach fan de Steateferkiezingen yn Fryslân bekend makke. Dêryn wurde gjin grutte ferskowingen mear ferwachte.