Soad politike ûnderfining ferdwynt út Steaten: "Dat kin twa kanten út falle"
De definitive útslach fan de Steateferkiezingen wurdt hjoed bekend makke. Grutte ferskowingen wurde net mear ferwachte. Ien ding is wis: in soad sittende Steateleden komme net werom en dêrmei ferdwynt ek in soad ûnderfining.
Fan de 43 sittende Steateleden komme der mar 16 werom. Troch de grutte winst fan de BBB komme der yn alle gefallen fjirtjin nije Steateleden, mar ek guon sittende Steateleden fan de oare partijen stienen sa leech op de kandidatelist dat se no bûten de boat falle.
Ien fan de Steateleden mei in soad ûnderfining dy't net weromkomt, is CDA'er Johan Tjalsma. Nei tolve jier hâldt er op. "It grutte ferrin docht gjin rjocht oan de Steaten. It is wol handich as je der wat langer sitte, dan nimt je effektiviteit ta."
Dat kin Max Aardema ûnderskriuwe. Hy sit no tolve jier foar de PVV yn de Steaten en begjint takom wike oan syn fjirde termyn. Dêrmei is er it langst noch sittende Steatelid. "It kollektive geheugen giet wat fuort. Dat kin twa kanten út falle. Soms is it in foardiel as je bekend binne mei tema's dy't weromkomme, mar fris bloed kin ek soargje foar nije ynsichten en nije ideeën."
Der binne ek minsken dy't tuskentiidsk fuortgeane, minsken dy't it wurk ûnderskatte.
It ferrin is dizze kear ekstra grut, omdat de BBB der mei fjirtjin nije leden ynkomt. Mar ek by eardere perioaden feroare der faak in soad, fertelt Tjalsma. "Ik ha trije perioaden yn Provinsjale Steaten sitten, tolve jier dus. Yn dy tiid ha ik mei 135 Steateleden gearwurke. Sa'n soad Steateleden ha der yn dy tiid dus west."
Dat giet net allinnich om politisy dy't by de ferkiezingen keazen wurde. "Der binne ek minsken dy't tuskentiidsk fuortgeane, minsken dy't it wurk ûnderskatte. Dus it hat altyd wol in grut ferskil west, mar troch de útslach fan dizze kear noch grutter."
Tjalsma wit noch hoe't it wie doe't er sels as nijeling yn de Steaten kaam. "Je tinke dat je wat witte, mar dat blykt yn de praktyk hiel oars te wêzen. De provinsje giet oer hiel oare tema's as dêr't minsken yn it foar oer tinke."
Hy hie ien foardiel: "Ik kaam yn in frij waarm bad. Der wienen doe CDA-Steateleden dy't har tredde perioade yn gienen, oaren begûnen oan har twadde perioade. Dan kinne je bouwe op de ûnderfining fan kollega's dy't der wat langer yn sitte, dat fûn ik hiel noflik."
Nei de ynstallaasje takom wike binne Max Aardema, Harrie Graansma (beiden PVV) en Avine Fokkens (VVD) de trije Steateleden mei de measte ûnderfining. Twa fan de PVV dus. Yn dy fraksje is no gjin sprake fan fernijing. "We hienen graach in ekstra sit hân, mar de útslach wie teloarstellend." Dat hie betsjut dat der in nij gesicht yn de fraksje wie, nammentlik dy fan Wouter Beijert.
Aardema ferwachtet dat it grutte ferrin benammen te fielen is by ûnderwerpen dy't faker werom komme. "Tink oan Thialf, ynfrastruktuer, greidefûgels. Wy - de minsken dy't der al langer sitte - witte wol hoe't dy dossiers ta stân kaam binne, wat dêryn earder bepraat is. Soms is it wol goed dat je witte wat der earder oer besletten is."
Ien fan de wichtige taken fan de Steateleden is it kontrolearjen fan Deputearre Steaten. Dat giet better as je mear ûnderfining ha, seit Tjalsma. "Want je binne as nij Steatelid al gau in jier dwaande om alle prosessen te snappen. Nei in jier ha je in hiele syklus hân, fan begrutting oant en mei de jierrekken." Dat der mar sechstjin Steateleden mei ûnderfining oerbliuwe, makket dat neffens Tjalsma yngewikkelder.
Aardema dielt dy miening. "Se sizze wolris datst de earste jierren brûke moatst om der wat yn te kommen. Pas dêrnei kinst slachfeardich wurde. En dêr sit in kearn fan wierheid yn. Bist samar wat jierren fierder foardatst trochhast hoe't de hazzen rinne."
Je moatte geduld ha.
Dat is ek wer net by elkenien itselde. "Guon pikke it hiel rap op, hielendal as se wat ûnderfining ha yn de gemeenteried of de Twadde Keamer bygelyks. Dan witte je hoe't it proses rint. Mar as je der hielendal ûnbefongen yn komme, dan kin it wolris dreech wurde om der goed yn te kommen. Guon besluten duorje lang, je moatte geduld ha."
Yn syn eigen earste jier kaam er der benammen achter hoefolle ûnderwerpen oft der wol net binne. "Moatst oeral wat fan witte, oeral in miening oer ha. Mei in gruttere fraksjes kinst it ferdiele, dan is it makliker. Mar mei in ien- of twamansfraksje kin it lestich wurde."
Hurder wurkje
Sa lyts wurdt it CDA net, mar dy geane wol fan acht nei fjouwer sitten. "It wurdt wol hurder wurkjen", seit Tjalsma. "En by it CDA is wol nei de kontinuïteit sjoen op de list, mar de útslach hat ús wat ferrast. Omdat we mar fjouwer sitten oerhâlde, komt Attje Meekma der krekt net yn. Dy hat ek in soad ûnderfining, dan hie it wat stabiler west."
Dochs hat Tjalsma der fertrouwen yn dat it mei syn partij wol goedkomt yn de Steaten. "Aebe Aalberts draait no in skoft mei as fraksjefoarsitter. Dy is goed ynwurke. In oar hat wer ûnderfining as fraksjemeiwurker, dat helpt ek. En se kinne altyd âld-Steateleden benaderje, se meie by belje."