Twa grutste partijen fan Skylge stean iepen foar mediation mei boargemaster Van de Pol

© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De Skylger koälysje kin him foar in part fine yn it mediationfoarstel fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dat skriuwe se yn in iepen brief oan alle ynwenners fan Skylge.
Neffens VVD en Pleatslik Belang hawwe de ynwenners en ûndernimmers op Skylge rjocht op in goed funksjonearjend lokaal bestjoer. "Het kan niemand ontgaan zijn dat er momenteel een te groot gebrek aan onderling vertrouwen bestaat binnen dat bestuur", skriuwe de partijen yn in brief oan alle ynwenners.

Betrouwen opsein

"Dat was ook de reden dat de coalitiepartijen eerder en onderbouwd hebben aangedrongen op het vertrek van onze burgemeester", folje sy oan. Earder seine de twa partijen it betrouwen yn boargemaster Caroline van de Pol op, mar kommissaris fan de Kening Arno Brok rôp op ta mediation.
Hy frege ferline wike woansdei yn in brief te besykjen om dat skeinde fertrouwen te werstellen. En dat wolle de partijen no ek dwaan. "In het belang van de noodzakelijke bestuurbaarheid van Terschelling zijn Plaatselijk Belang en de VVD bereid in belangrijke mate aan dit verzoek tegemoet te komen."
Arno Brok © Omrop Fryslân
En dus wurkje se mei oan de proefperioade dy't de kommissaris fan de Kening yn syn brief foarsteld hat. Dêrby jouwe se wol lyk oan dat it tiidspaad helder wêze moat. "Zo'n mediation en verbetertraject kan niet eindeloos duren."

Direkte stappen

"Er komen de komende tijd veel grote uitdagingen op Terschelling af, en een goed functionerend en vertrouwenwekkend college is daarbij onontbeerlijk." Der binne dêrfoar neffens de partijen wol direkte stappen nedich. Sa freegje se stipe fan it kolleezje en in saaklike coach foar de boargemaster.
Opmerklik oan dizze brief is dat der gjin ien kear nei de partijen sels sjoen wurdt. Wat dêr't Brok yn syn brief fan ôfrûne wike sterk op oanstie.