Kommissaris Brok lit Skylger boargemaster op har post: "Ontslag slecht voor imago"

Skylger boargemaster Caroline van de Pol kin sitten bliuwe. Dat is it oardiel fan kommissaris fan de Kening Arno Brok. Hy docht in "moreel appel" op de gemeenteried.
Earder liet in mearderheid fan de Skylger gemeenteried witte foar it ôftreden fan de boargemaster te wêzen. Sy fûnen dat Van de Pol flaters makke hie, al liet se de ôfrûne tiid wol ferbettering sjen. It fertrouwen fan de opposysje krige se werom, Pleatslik Belang en VVD seinen it fertrouwen definityf op.
De moasje oer it ôftreden fan de boargemaster wie foar de kommissaris in "ernstig signaal". Neffens Brok is troch de gemeente net soarchfâldich hannele en foldocht de moasje fan de gemeente net oan de gemeentewet.
Selsrefleksje
De ôfrûne wiken hat Brok wer mei de boargemaster, fraksjefoarsitters en wethâlders praat. "Mij zijn, ook na het voeren van deze gesprekken, nog steeds geen feitelijkheden, argumenten inclusief onderbouwing bekend die u het recht geeft op deze wijze met uw burgemeester om te gaan."
Brok is boppedat kritysk oer de selsrefleksje fan de ried. "Er is geen vermogen zich in de ander te verplaatsen en het gaat onvoldoende over de bestuurbaarheid van uw eiland. Uw eigen waarneming en ongenoegen lijkt leidend te blijven."
Oprop
Kommissaris Brok docht no in oprop oan de gemeenteried. "Om in gemeenschappelijkheid in het belang van uw gemeente samen de schouders eronder te zetten en aan de slag te gaan", skriuwt er yn in ferklearring.
Nei oanlieding fan ûndersyk nei de situaasje yn de Skylger polityk konkludearret Brok dat der romte is foar ferbettering. Hy fynt ôftreden lykwols gjin goede oplossing. "Het tussentijds afscheid nemen van een burgemeester is slecht voor de beeldvorming van uw gemeente en een bestuurscrisis kent alleen maar verliezers."

Brok neamt it in misfetting dat it ôftreden de problemen yn de gemeente oplosse soe. Hy neamt it bestjoeren fan de gemeente in kollektive ferantwurdlikheid. Hy stelt foar om dit jier te sjen oft der ferbettering yn de situaasje komt.
Hy ropt de ried op om mei syn allen en mei eksterne coaching "de schouders eronder te zetten en aan de slag te gaan." Mocht de ried fine dat der oan de ein fan it jier gjin ferbettering is, dan sil de kommissaris dat oan de minister fan Ynlânske Saken witte litte.