Mearderheid Skylger gemeenteried wol ûntslach boargemaster Caroline van de Pol

Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
In mearderheid fan de Skylger gemeenteried wol fan Caroline van de Pol ôf. De boargemaster wûn it fertrouwen fan de opposysje, mar VVD en Plaatselijk Belang seinen it fertrouwen definityf op.
Van de Pol makke flaters, mar de ôfrûne moannen toande se wol ferbettering, sa fynt de opposysje. "Er zijn wel basiscondities, er mag een verwachting van bestuursvaardigheden zijn", seit Hendrik van der Wielen fan CDA.
"Hierin is het zaak verbeterpunten te signaleren en hieraan te werken. In onze optiek heeft de burgemeester al stappen in die richting gezet." Syn CDA kaam tegearre mei Samen Terschelling en PvdA mei in moasje. Dêryn stiet ûnder oare dat it kontakt en de rolferdieling dúdliker wurde moat. Mar net dat der gjin fertrouwen mear is yn de boargemaster.
Van de Pol by de Skylger gemeenteried © Omroep Zilt, Lennard Geerts
PvdA hie dat fertrouwen earst net. "We zijn tot de conclusie gekomen dat het steunen van deze motie geen goede beslissing is geweest", seit Jan-Willem Adams. Neffens him moat der in profesjonalisearringsslach komme yn it Skylger bestjoer. "Er moet van ons verwacht worden dat we persoonlijke gevoelens kunnen scheiden."
Ek Samen Terschelling feroare fan stânpunt. "We moeten onszelf eens goed in de spiegel; doen we het wel goed", frege fraksjefoarstitter Gossen Bos him ôf. "Als we de burgemeester naar huis sturen, zijn er alleen maar verliezers", sa sei hy.

VVD hat gjin fertrouwen mear

De VVD, de partij fan Van de Pol, seach der hiel oars nei. "In onze ogen zijn er twee opties: we gaan door met het gevolg dat er weinig vertrouwen is. Of we maken de moeilijke beslissing het vertrouwen definitief op te zeggen."
Van de Pol sels kaam mei ekskuzen foar in foarfal by in earder debat. "Ik was gewoon hartstikke boos. Dat is niet heel erg burgemeesterlijk, maar het is menselijk." Se hoopte dochs gewoan fierder te kinnen as boargemaster, mar har kollega's yn it kolleezje tochten dêr oars oer. Wethâlders Gea van Essen en Jeltje Hoekstra hawwe gjin fertrouwen mear yn de boargemaster.

Lekke

Neffens Hoekstra hat Van de Pol fertroulike saken út it kolleezje lekt. "Onze voorzitter heeft ons vertrouwen beschaamd, en niet andersom. Een college dat zoveel op het bordje heeft, moet volledig kunnen vertrouwen op de voorzitter."
De VVD en Plaatselijk Belang besleaten it betrouwen yn Van de Pol definityf op te sizzen. Dy partijen hawwe in mearderheid en dus fregen se yn in moasje om it ûntslach fan de boargemaster. De beslissing dêroer leit by de minister fan Ynlânske Saken en kommissaris fan de Kening Arno Brok.
Binnen de ried soarget it ûntslach yn alle gefallen net foar bettere relaasjes. "Dit is een zwarte dag", sa seit Bos fan Samen Terschelling.