Omrop Fryslân

Kommissaris Brok neamt riedsgearkomste Skylge "pynlike fertoaning"

Kommissaris fan de Kening Arno Brok
© Hoge Noorden / Jacob van Essen
"Ik fûn it - om it parlemintêr te sizzen - in pynlike fertoaning." Kommissaris fan de Kening Arno Brok is net te sprekken oer de riedsgearkomste fan woansdeitejûn op Skylge wêryn't in mearderheid fan de gemeenteried it fertrouwen opsei yn boargemaster Caroline van de Pol.
Brok folge de Skylger riedsgearkomste mei belangstelling en soarch op Terschelling TV. Fan wat er seach en hearde waard er net fleurich. Op dy gearkomste kamen Plaatselijk Belang Terschelling en de VVD mei in moasje, dêr't de minister fan Ynlânske Saken en de kommissaris fan de Kening yn frege wurde om mei te wurkjen oan it ûntslach fan boargemaster Van de Pol.
Kommissaris Brok: "Mei in moasje kinne je in boargemaster net fuortstjoere"
Brok fynt dy gong fan saken in 'bysûndere fertoaning'. "Der leit in rapport fan Geke Faber mei oanbefellings om te wurkjen oan it ferbetterjen fan de ûnderlinge professionaliteit. It giet dan oer gemeenteried, kolleezje en boargemaster. As de gemeenteried sa'n advys dan fuortskoot en wol seit dat de boargemaster fuort moat, dan is dat bysûnder."

Boargemaster fuort?

De kommissaris wiist derop dat de gemeenteried net it foech hat om in boargemaster fuort te stjoeren. "Formeel is it sa dat de boargemaster oansteld is troch de kening en yn dy sin giet de gemeenteried dêr net oer." Brok wol de kommende tiid 'yn alle rêst' oer de moasje prate mei alle belutsenen.
"Ik haw in streekrjochte ferantwurdlikheid foar de boargemaster", leit Brok út. "Ik wol dêrom earst mei har prate, en dan sil ik oan de minister rapportearje wat ús befinings binne."
In moasje fan in lytse mearderheid fan de gemeenteried is seker gjin reden om in boargemaster foar te dragen foar ûntslach, fynt de kommissaris.
Caroline van de Pol
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Brok hat nei eigen sizzen in soad telefoantsjes hân fan Skylgers dy't ûngerêst binne oer de gong fan saken yn de eilanner gemeenteried. "Der binne minsken op it eilân dy't har skamje foar de gong fan saken. Sa'n riedsgearkomste hat allinnich mar ferliezers."
Ik heb er geen woorden voor, het doet me denken aan een kippenhok vol ruziënde hennen.
Bewenner fan Skylge oer de riedsgearkomste op it eilân
Dêr't gewoanwei mar in goede tweintich minsken de riedsgearkomste online folgje, wiene dat der woansdeitejûn sa'n 250 minsken. Ek op sosjale media libbet de kwestje yn it gemeentehûs. De mieningen op it eilân binne lyk sa ferdield as yn de ried sels. Guon eilanners ferfange har profylfoto troch in ôfbylding fan in Skylger flagge, mar dan op 'e kop.
"Ik heb er geen woorden voor, het doet me denken aan een kippenhok vol ruziënde hennen", sa ferklearret in bewenner fan Skylge. "Ik zou zeggen: schoon schip maken, allemaal weg en opnieuw beginnen. En anders de gemeente Terschelling opdoeken, want ze bakken er niets van."
In oar seit: "Het is een democratie en de mensen op het gemeentehuis geven onze centen uit. Dan hoort openheid erbij. Dit had niet zover hoeven komen."

Fertrouwenskrisis op Skylge

"Dit is net goed foar de boargemaster, en ek net foar it kolleezje. It is ek net goed foar de gemeenteried en it betrouwen yn de lokale demokrasy", fertelt de kommissaris. "As der ûnderling problemen binne yn sa'n lokale mienskip mei in boargemaster of mei in kolleezje, dan moatte je jesels oansprekke op je professionaliteit en besykje om dêr yn it belang fan de mienskip út te kommen."
Gemeentehûs op Skylge
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De kommissaris is prinsipieel fan betinken dat der altyd selsrefleksje wêze moat yn it iepenbier bestjoer. "Je kinne altyd leare fan flaters yn it ferline. It is spitich dat de gemeenteried de oanbefellings fan it rapport-Faber net oppakt en de skuld allinnich mar by in oar leit. Dêr moatte se ferantwurding foar ôflizze, ek tsjinoer de befolking."
Brok jout ta dat der in fertrouwenskrisis is op it eilân en wol dêr sawol mei de boargemaster as mei de gemeenteried oer prate. "Ik wol alles dwaan om de ferhâldings better te krijen en dat moaie eilân wer in bytsje bestjoerber te hâlden."
Ek de fiiftûzen ynwenners fan Skylge hawwe neffens Brok ferlet fan en rjocht op in goed bestjoer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.