Boargemaster Van de Pol ferromme oer brief Brok, Pleatslik Belang net iens mei krityk
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat woansdeitemoarn yn in brief oan de gemeente Skylge meidield dat de boargemaster sitten bliuwe kin. Yn de brief wie er kritysk op it hanneljen fan de gemeenteried, de wethâlders en de boargemaster. De boargemaster is ferromme. Pleatslik Belang is it net iens mei dy krityk.
Fraksjefoarsitter fan Pleatslik Belang Bultena bliuwt by de reaksje dy't er op 25 jannewaris ek útspruts yn de riedsgearkomste. "Ik heb gezegd dat wij ons niet herkennen in het rapport van mevrouw Faber en de bevindingen." Ald-steatssekretaris Geke Faber hat de ôfrûne moannen ûndersyk dien nei de politike situaasje op Skylge.
Boargemaster Van de Pol ferromme oer brief Brok
"Ik ha sein dat se it gewoan noch in kear mei-inoar besykje moatte", seit kommissaris Brok. "Sy hawwe twa jier lyn dizze boargemaster foardroegen." Hy sjocht it dêrom as de plicht fan de gemeente om der mei syn allen nochris de skouders ûnder te setten.
"Er is geen vermogen zich in de ander te verplaatsen en het gaat onvoldoende over de bestuurbaarheid van uw eiland", sei de kommissaris. "Uw eigen waarneming en ongenoegen lijkt leidend te blijven." It binne krityske wurden. "Oer it algemien bin ik fan de nuânse, mar ik tink dat dizze tekst nedich is."
Brok falt der benammen oer dat de ried sa ferdield is. "It leit fifty-fifty yn dy gemeente, of eins 50 om 49 persint." Hy ferwyt de ried en B en W dat der tefolle oer ynterpretaasjes en gefoelens fan yndividuën praat wurdt.
"Der wurdt in soad praat en in soad sein, mar ik kin de minister allinnich ynljochtsje op basis fan feiten." En it binne krekt dy feitlike argumenten foar it ôftreden fan Van de Pol dy't Brok net sjoen hat. "Ik hoopje dat de alle partijen en alle alve leden it belang fan de gemeente foarop sette wolle."
Pleatslik Belang
Neffens Bultena leit Brok de ferantwurdlik by minsken dêr't dy net leit. "We gaan helemaal voorbij aan het feit dat één persoon in het hele college niet goed ligt. Dan is het wel heel makkelijk om het breed te trekken en allerlei mensen te verwijten dat ze niet professioneel zijn."
Yn fertrouwen binne neffens Bultena meardere foarbylden fan "bewust beschadigen" fan persoanen troch de boargemaster bepraat. Dy soenen net yn it rapport fan Faber opnommen wêze en dêrom ek net yn it oardiel fan de kommissaris meinommen wêze. Dochs wit Brok neffens Bultena wol fan dy foarbylden.
Ek soe yn de brief dy't de kommissaris fan de Kening woansdei oan de gemeente stjoerd hat "in de eerste de beste alinea al zaken staan die niet op feiten te baseren zijn."
Wurkber
Hy wit ek net krekt hoe no fierder. "Voor de gemeenteraad blijft het wel werkbaar, voor het college is dat lastig. Wij overleggen daar tussen nu en het weekend over om te kijken hoe we dat werkbaar kunnen houden."
Boargemaster Caroline van de Pol is posityf oer de brief. "Ik voel zeker dat ik het vertrouwen van de commissaris van de Koning heb gekregen", seit se. "Wat ik zelf heel prettig vind, is dat de commissaris van de Koning tot de conclusie is gekomen dat mij geen laakbaar gedrag te verwijten valt."
Sy tinkt dat it betrouwen fan de hiele ried wol weromkomme sil. "Ik denk dat als we met elkaar opvolging geven aan de aanbevelingen die er liggen, we er beter uitkomen dan hoe we dit traject in zijn gegaan."
"We hebben natuurlijk het laatste halfjaar wel gewoon doorgewerkt met elkaar", fertelt Van de Pol. Dat biedt neffens har perspektyf foar de kommende tiid. "De besluiten die genomen moesten worden, zijn ook genomen. We hebben ons niet aan die taak onttrokken met elkaar."
Iedereen heeft behoefte aan rustig vaarwater.
"Ik denk dat het wel heel verstandig is dat je als volwassen mensen met elkaar in de raad maar eens in de spiegel moet kijken", fynt Van de Pol. "Laten we nou met elkaar doen waarvoor we hier op het eiland zijn."
"Dat is goed besturen en een rustig bestuurlijk klimaat hebben. Dat komt het eiland en de eilanders alleen maar ten goede. Als je kijkt naar het sentiment bij ons op het eiland dan denk ik dat iedereen behoefte heeft aan rustig vaarwater."