Plysje ûntmantelet netwurk dat yn yllegaal fjoerwurk en eksplosiven hannele

De mortierbommen dy't de plysje yn beslach naam hat © Plysje
De plysje hat twa minsken út Achtkarspelen oanholden foar de hannel yn yllegaal fjoerwurk op it sosjale netwurk Telegram. Yn dy online groep waard op grutte skaal ferbean fjoerwurk en eksplosiven oanbean oan de 700 leden.
De behearder fan de groep wie in man fan 20 jier út Achtkarspelen. Dy is oanholden op fertinking fan it fasilitearjen fan de hannel yn it ferbeane fjoerwurk. Ek in 43-jierrige frou út deselde gemeente is oanholden foar itselde misdriuw.
Yn de Telegramgroep waarden ferskate hannelers oan elkoar keppele. De hannelers kochten fia de groep fjoerwurk fan elkoar, somtiden om troch te ferkeapjen en oare kearen foar eigen gebrûk.
Telegram is in berjochtetsjinst, te ferlykjen mei WhatsApp, mar de befeiliging is better. Boppedat kinne op Telegram mear minsken yn in groepspetear as op WhatsApp.
Ferskate teams fan de Fryske plysje ha gearwurke om de hannel te fersteuren. Nei in lang digitaal ûndersyk koe de behearder, dy't de namme 'Yourplug050' brûkte, yn syn hûs oanholden wurde. By him thús binne in soad mortierbommen, kontant jild en in telefoan yn beslach nommen.
Thijs Damstra fan de plysje oer de ûntmanteling fan in fjoerwurkgroep op Telegram
Nei dy oanhâlding hat de plysje it behear fan de Telegramgroep oernaam om de hannel stil te lizzen. De plysje pleatste in berjocht wêryn't de groepsleden ferteld waard dat de groep oernaam wie en de fertochte oanholden.
It berjocht dat de plysje yn de Telegramgroep pleatste:
Door een team specialisten van de politie is deze groep onlangs overgenomen en al de data is veiliggesteld. De beheerder van "Vuurwerkhandel Noorden" zit op dit moment vast en wordt verhoord. Meerdere aanhoudingen worden niet uitgesloten. Het vuurwerk wat wordt verhandeld in deze groep is zeer explosief en vormt een gevaar voor anderen en voor jezelf. Daarom is het ons ernst. Stop met deze activiteiten. Je bent gewaarschuwd. Op de handel in illegaal vuurwerk staat een straf van zes jaar. Wanneer illegaal vuurwerk ontdekt wordt in een woning kan een verhuurder of hypotheekverstrekker de huur/hypotheekovereenkomst opzeggen. Daarnaast kan de gemeente bestuurlijk optreden en de woning sluiten. Verknal je toekomst niet met illegaal vuurwerk!
De groepsleden leauden it berjocht fan de plysje net en de hannel gong yn earste ynstânsje troch. Neffens de plysje is it dúdlik dat der meardere hannelers aktyf wienen. De plysje hat de data út de groep feilichsteld en seit dat dat liede sil ta oare hannelers en mear oanhâldings.
Neffens de plysje is fjoerwurk de ôfrûne desennia net allinnich swierder en gefaarliker wurden, mar ek makliker te krijen. De plysje sjocht by de oanpak fan ferbean fjoerwurk net allinnich nei de brûkers, mar benammen nei de hannelsnetwurken dy't derachter sitte.
De twa fertochten sitte net mear fêst, mar moatte har noch wol ferantwurdzje foar de rjochter.