Twa Friezen oanholden foar hannel yn swier fjoerwurk

De plysje hat twa Friezen oanholden nei de fynst fan 200 kilo swier profesjoneel fjoerwurk. De fynst waard dien by in 'pseudo-oankeap' op It Hearrenfean troch de plysje.
Swier fjoerwurk (as yllustraasje) © ANP
In 55-jierrige frou út Wolvegea en in man fan 35 fan It Hearrenfean binne oanholden. Dat barde al begjin april, mar de plysje hat it no pas bekend makke.
De plysje hie ynformaasje krigen dat de twa mooglik yllegaal hannelen yn swier fjoerwurk. Dêrop hat de plysje in sabeare oankeap op tou set, wêrby't de twa fertochten oanholden binne.

Bern by it fjoerwurk

By trochsikingen dêrnei yn in bedriuwspân, twa weinen en in hûs waarden partijen swier fjoerwurk fûn, wêrûnder kobra's. "In de woning waar deze explosieven werden aangetroffen, verblijven ook kinderen", skriuwt de plysje.
Njonken it fjoerwurk hat de plysje noch kontant jild, twa auto's en twa telefoans yn beslach naam. De twa fertochten sitte op it stuit net fêst, se moatte letter foar de rjochter ferskine.

Mear oanhâldings

By fierder ûndersyk hat de plysje op ferskate lokaasjes nochris goed 1.000 kilo profesjoneel fjoerwurk yn beslach naam. Dêrby binne binne noch trije minsken oanholden, út Amersfoort, Voorburg en Tilburg. Dy lêste man wurdt troch de plysje ek yn ferbân brocht mei in levering fan profesjoneel fjoerwurk yn Noard-Nederlân.