Plysje en FUMO nimme 257 kilo oan yllegaal fjoerwurk yn beslach

© ANP Foto
De FUMO hat 257 kilogram yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. In tafersjochhâlder fan de Fryske omjouwingstjinst ûntduts it yllegale fjoerwurk ôfrûne freed by in kontrôle fan de opslach fan in hanneler.
Under tafersjoch fan de plysje hat de FUMO it fjoerwurk dizze wike yn beslach nommen. De autoriteiten meitsje net bekend yn hokker plak de fjoerwurkhanneler siet, wol dat it giet om knalfjoerwurk en fjoerpylken.
Dat type fjoerwurk mei sûnt 2020 allinnich noch troch professionals ôfstutsen wurde, bygelyks by in fjoerwurksjo. Ferkeapers meie de produkten ek net mear op foarried ha.
Undernimmers dy't noch konsumintefjoerwurk hienen, koenen oant de simmer fan 2021 in subsydzje oanfreegje om de kosten te dekken. De hanneler by wa't it yllegale fjoerwurk no fûn is, sei dat er net op de hichte wie fan dy regeling.
De tafersjochhâlder fynt dat gjin jildich ekskús, want hy hie wol op de hichte wêze kind. De plysje en de FUMO meitsje in proses-ferbaal op en lizze dat foar oan de offisier fan justysje. Dy bepaalt úteinlik de straf.