Trije Ljouwerters feroardiele ta wurkstraf nei hannel yn yllegaal fjoerwurk

Trije Ljouwerters, dy't yn oktober 2020 oanholden waarden foar hannel yn yllegaal fjoerwurk, binne moandei feroardiele ta wurkstraffen fan 180 oeren.
In part fan it fjoerwurk dat de plysje yn 2020 yn beslach naam © Plysje Fryslân
De trije mannen (19, 20 en 27 jier) waarden yn 2020 yn de fal lokt troch de plysje. Nei klachten oer fjoerwurkoerlêst yn de stêd, sette de plysje in sabeare keap op tou. Dêrby waarden de Ljouwerters oppakt.
It yllegale fjoerwurk bestie út cobra's en mortierbommen. Dat hellen se út Enschede.

'Leske leard'

De trije ha seis dagen yn foararrest sitten. Se seine dat se har leske doe wol leard hienen.
De offisier fan justysje hie wurkstraffen fan 200 oeren easke, mei dêrnjonken in finzenisstraf fan in healjier ûnder betingst. De rjochter joech in minder hege straf, omdat it misdriuw al in skoft lyn wie.