Friesland Popdirekteur Peter Reen: “Het podium is belangrijk”

Peter Reen is de nije direkteur fan Stichting Friesland Pop. Hy is al jierren aktyf yn de muzykwrâld en wurke earder ûnder oare as programmeur. Wat binne syn plannen en watfoar muzyk set er thús op?
"In huize Reen wordt van alles gedraaid", seit Peter Reen. De Snitser hat in hiele brede muzyksmaak. "Dat gaat van soundcloudrap tot en met grindcore. Ik kan me geen dag zonder muziek voorstellen." It sjenre makket him net in protte út: "als het maar goeie liedjes zijn, ze moeten wel een gevoel teweegbrengen."
Troch syn trije opgroeiende bern (13, 17 en 20 jier) komt er ek mei nije muzyk yn de kunde. "De kids zijn zo'n beetje opgegroeid met festivals, want mijn vriendin werkt ook in die sector. Ik mag graag van ze leren. Mijn dochter leerde laatst voor toetsen met Metallica op en mijn jongste liet me onlangs een nummer horen en was verbaasd dat ik dat niet kende. Maar de gitarist was weer van een band die ik wel kende. Muziek is een mooi gespreksonderwerp."

Podium Asteriks

Hy spile sels (gitaar) yn in band en gie geregeld nei konserten, mar miste in poadium yn Ljouwert, nota bene in stêd mei in eigen popakademy. "Bands en shows die ik wilde zien, kwamen hier niet en dan ben ik wel van het aanpakken. Als niemand het doet, moet ik het zelf maar doen."
Sa ûntstie yn 2010 Podium Asteriks dat yn De Blokhúspoarte romte joech oan eksperimintele acts. "Daarbij vonden we het belangrijk om lokale bands als voorprogramma te boeken, zodat ze ervaring op het podium konden opdoen."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Earder hie er dêrmei al ûnderfining opdien mei Noordkabaal. Under dy namme regele er metalhardcorepunkshows yn Café Mukkes en De Plankier, ek wer mei lokale bands as support. "Zo hebben we een keer de Franse metalband Gojira in Mukkes gehad voor vijftig man publiek. Die lui staan nu op de grootste metalfestivals."

Broken Brass

Neist de leafde foar muzyk falt Reen syn organisaasjetalint op. Sa is er al jierren manager fan Broken Brass, de Fryske blaasband. "Vanaf het prille begin ben ik erbij. Ik ben het tiende bandlid, dat niet kan toeteren en daarom ben ik maar dingen gaan regelen."
Foar de weriepening fan poppoadium Het Bolwerk yn Snits socht er in band yn de styl fan New Orleans. "En die bleek er niet te zijn, niet in Nederland en zelfs niet in Europa. Dat vond ik heel bijzonder en dat vertelde ik aan die jongens. Zo is Broken Brass ontstaan."
Nei in optreden op Into The Great Wide Open op Flylân waarden se bekend. "Daar stonden ze op het hoofdveld, eigenlijk was het programma al klaar. De mensen bleven maar komen, iedereen was enthousiast en ging dansen. Het was dik feest. Dat was echt te gek. 's Nachts hebben ze nog een show op het strand gedaan. 'Een onbedoeld hoogtepunt' schreef een journalist van de Volkskrant erover."
De band makke in eigen ferzje fan de hit Thrift Shop fan rapper Macklemore (2012) en de klip dêrfan gie viral. "De jongens hadden het nummer uitgeschreven, dat kunnen ze, want ze hebben allemaal conservatorium gedaan."
As promoasje namen se in fideoklip, se spilen it nûmer by in âlde Amerikaanske auto. "Ze speelden live. Het kraakt wel een beetje, maar de lol spat ervan af." Nei't Reen de klip online sette, waard it oeral oppikt. "Van Amerikaanse blogs tot aan het Nederlandse nieuws. Zoiets is niet te plannen, het gebeurt. Ik kan je wel vertellen dat de tournee daarna heel goed liep."
Als ze me als kind vroegen wat ik later wilde worden, zei ik altijd bankdirecteur.
Peter Reen
As nije direkteur fan Stichting Friesland Pop kin er al syn ûnderfining ynsette om de popmuzyk en popkultuer yn Fryslân te befoarderjen en te stypjen. "Als ze me als kind vroegen wat ik later wilde worden, zei ik altijd bankdirecteur. Ik weet niet waarom, maar dat leek me een hartstikke leuke baan. Nu lijkt me dat niks meer, maar uiteindelijk ben ik wel directeur geworden" laket Reen.

Fan útfiering nei belied

"Het is iets waar je geleidelijk naar toe groeit. Ik ben begonnen als jongerenwerker, was toen popprogrammeur voor podia en festivals. Dat is uitvoerend en dan is beleidsmatig en inhoudelijk bezig zijn een logische volgende stap."
Hy is noch mar twa moannen oan de slach en al drok mei it skriuwen fan beliedsplannen foar de kommende twa jier. Dêryn is ek omtinken foar it wer opbouwen fan de ynfrastruktuer dy't troch corona in flinke klap krigen hat.
"Je merkt dat er veel plekken zijn weggevallen voor beginnende bands die al wat optredens hebben gedaan en er aan toe zijn om voor meer mensen te gaan spelen. Zulke cafés met een podium in dorpen of kleinere steden hebben een flinke tik gehad. Ze moeten eerst zorgen dat hun eigen toko weer draait en daarna willen ze misschien weer eens een band programmeren. Dat stilstaan heeft zijn weerslag op de hele muziekscene en talentontwikkeling in de breedte."

Leare fan optredens

Talintûntwikkeling is ek in spearpunt. "In coronatijd zijn toch veel bands doorgegaan met het schrijven van liedjes, thuis en in de oefenruimte. Meer mensen zijn zelf gaan produceren. Je ziet dat hiphop meer opkomt. Dat is makkelijker op een zolderkamer te regelen, dan een band met allerlei instrumenten."
En talinten moatte optrede kinne. "Dat podium is belangrijk. Acts, artiesten, muzikanten leren het meest van optreden. Je merkt wat muziek met anderen doet. Daar krijg je een kick van en daar leer je van." By wedstriden as de Kleine Prijs van Fryslân krije dielnimmers workshops en coaching. "Zo kun je veel stappen maken."

De brede muzikale kar fan Peter

Artyst Nûmer
Jason Issbel Cumberland gap
Post-Boredom Every Time I Die
Boban en Marko Markovic Orchestra Balkan Brass Battle
Nathaniel Rateliff I need never get old
Gloria Jones Tainted love