Sample Text bringt Fryske rap mei Gysbert Japicx as ynspiraasje

Under de namme Sample Text hat Pieter Zijlstra lêsten syn album 'Gysbert' presintearre. De jonge Koudumer brûkt bewust de Fryske taal. "Ik wol myn stientsje oan Fryske hiphop bydrage."
Yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie de presintaasje. "It wie in moai feestje mei 150 man. Neist famylje en freonen wienen der ek minsken dy't ik net koe. Der wie in jonge by fan in jier as tolve of fjirtjin en dy koe al myn teksten. Der binne dus minsken dy't myn muzyk draaie dy't ik net sels ken. Dat is in gek gefoel."
Yn 2018 skreau Zijlstra syn earste nûmer oait, en dat die er fuort yn it Frysk. Dat wie it nûmer 'Underfining', dêr't de plaat mei iepenet. "By Liet yn 2020 ha we it spile mei in band en dy liveferzje stiet as lêste nûmer op it album."
Foar it skriuwen fan it nûmer wie er ynspirearre rekke troch syn maten fan de band Jammer. "Dy hienen yn 2018 in album útbrocht. Ik tocht doe: dit is sok moai wurk, ik wol ek wat skriuwe. Ik bin gek op hiphop en rap."

Fryske taal

Om dat yn it Frysk te dwaan, wie in bewuste kar. "Ik woe oer de Fryske taal sels skriuwe, dêr bin ik bot mei dwaande. Mar it gefoel om muzyk meitsje te wollen kaam earst en dêrnei kaam it Frysk. En eins ha ik fan it begjin ôf oan net oars dien."
Om't er it Frysk as eksamenfak op it gymnasium dien hie, wie de taal gjin probleem. "Op skoalle ha ik de grammatika leard en de staveringsregels. Dus hoe't it eins echt moat, yn geef Frysk. En dan merkst pas hoefolle flaters ast sels makkest."
"Ik kom út de Súdwesthoeke en dêr prate we krekt wat oars as op de Klaai en yn de Wâlden. Ik draaide earder ek de folchoarder fan de tiidwurden om. Us heit ferbettere my faak en no bin ik my der goed fan bewust en besykje ik it sa goed mooglik te dwaan."
As Gysbert Japicx no libbe hie, hie er grif in Fryske rapper west.
Pieter Zijlstra
It moaie fan rap sit foar him yn de taal. "Rap lient him as medium hiel goed om kreatyf mei de taal te wêzen, om punchlines te betinken en rym. En safolle mooglik wurden yn ien sin te brûken. It is in hiele kompakte foarm fan dichtsjen, ien nûmer hat faak wol hûnderten wurden. It is gewoan moai om dêrmei dwaande te wêzen."
It album hyt 'Gysbert', as ferwizing nei de 17de-iuwske Fryske skriuwer. "Hy skreau syn teksten ek faak op muzyk. As er no libbe hie, hie er grif in Fryske rapper west. Dus ik bin bliid dat er bestien hat en it Frysk as skreaune taal nij libben ynblaasd hat. Hy is in grutte ynspiraasje. Ik wol net sizze dat ik de nije Gysbert bin, mar ik fyn it wol moai om sels ek wat by te dragen oan it Frysk. En it album hyt ek sa, om't Gysbert myn twadde namme is. It is in famyljenamme."
De albumcover fan 'Gysbert' © Sample Text
Pieter Zijlstra waard yn Drachten berne, mar groeide op yn Koudum. Thús en ûnderweis yn de auto waard wol muzyk draaid. "Mar as der rap foar wie, gie it folume nei ûnderen."
Foar syn nûmers liet er him ynspirearje troch syn idoalen, fan de Amerikaanske rapper Travis Scott oant de earste Frysktalige rapper MC Remon. "Op syn album 'Astroworld' rapt Scott oer in attraksjepark dêr't er as bern faak kaam. Dat wie foar my oanlieding om it nûmer 'Fûgeltsjepark' te meitsjen, oer Sybrandy's Speelpark, dat foar my jeugdsentimint is. Yn dat nûmer brûk ik in sample fan Remon út 2002. Fia fia ha ik him frege oft ik dat brûke mocht en dat wie goed. Hy woe sels wol meidwaan! Dat wie moai. Hy is echt in ynspiraasje en ik bin bliid dat er my stipet."

Piter Wilkens

In oare held docht ek mei op it album. Op it nûmer 'Bin ik Frysk' sjongt trûbadoer Piter Wilkens. De melody fan dat nûmer is 'Wat is leafde' dat Rients Gratama mei Simmer 2000 song.
"Dy cd draaiden we altyd yn de auto, krekt as muzyk fan Piter Wilkens. Hy is in libbene leginde, in ikoan. Syn 'It paad werom' is ien fan myn favorite nûmers. Hy hat in soad bydroegen oan de Fryske kultuer en ik doch dat no op myn manier."
Hy is bliid dat de trûbadoer meidwaan woe. "Ik hie him maild mei de fraach oft er it refrein ynsjonge woe. 'No, dat liket my hiel aardich', wie syn antwurd."
Yn de wenkeamer fan in freon yn Reahûs namen se de sang op. "Ik wie wol wat 'starstruck' earst. Hy hat noch holpen mei de tekst, want ik hie it wurd 'iets' deryn en dat koe better feroare wurde yn 'wat'."
Yn febrewaris wie der in Fryske hiphop-special yn Noardewyn mei MC Remon, Lil Pier, Sample Text en de Súdwest Shankers.
De Fryske taal en de Fryske identiteit - as soks bestiet - is in reade tried op it album. "Der is in soad oer skreaun en dat lês ik ek allegear. Yn myn teksten nim ik gjin stelling, mar ik wol de harker oan it tinken sette."

Nei Parys

As Sample Text hat er al in pear kear optreden. "Dat wie in nije ûnderfining. Ik wie wol nerveus, mar it wie hartstikke leuk."
Foarearst komme der lykwols gjin nije nûmers of optredens. "It album is eins de ein fan in perioade dy't trije jier lyn begûn tagelyk mei myn bachelor. No is it album der en ha ik myn bachelor helle. Ik sil foar twa jier nei Parys om dêr oan de universiteit in master diplomasy te dwaan. Dus ik nim no pauze, mar wa wit, begjin ik wer te skriuwen."