Muzikante Methoxy bringt earste EP út; ynspiraasje hellet se út har eigen libben

© Methoxy
Methoxy is it alter ego fan de 24-jierrige sjongeres Femke Cuiper út Ljouwert. Se makket sfearfolle, mankelike muzyk. Har earste EP is krekt út, in plaat mei dêrop fiif eigen nûmers.
De ynspiraasje foar it skriuwen foar de nûmers is har eigen libben. "Een rollercoaster aan ervaringen en verhalen die ik zelf heb meegemaakt of die ik uit mijn omgeving ken en dat vertaal ik dan naar muziek."
Se is noch net hiel lang yn de muzyk dwaande. "Ik wilde eigenlijk al wel heel lang iets met muziek doen. Ik deed eerst European Studies, maar de creativiteit begon zo te kriebelen, dat ik aan de Academie voor Popcultuur in Leeuwarden ben begonnen." Se folge pianoles en begûn ek fuort mei it skriuwen fan lietsjes.
Op de piano ûntstean de nûmers faak, mar it kin ek mei in tekst begjinne. Op de plaat klinkt se net akoestysk, mar is it lûd krekt mear oanset. "Ik wilde het meer body geven, maar ik hou ook erg van een kalere sound. Dat is intiemer."
Ien fan de nûmers op de plaat is 'Lies'. "Het gaat over hoe je je voelt wanneer iemand je naar beneden probeert te trekken om zichzelf beter te laten voelen en dat je daar tegen in opstand komt." Dat gefoel hat se sels meimakke.
© Methoxy
In oar nûmer 'Around' hat se skreaun oer in dierbere dy't stoarn is. "Het gaat over hoe het voelde toen die persoon er er nog was. Ik droom nog steeds over haar."

Ferwurking

Se brûkt it skriuwen fan de muzyk ûnder oare om dingen te ferwurkjen. "Ik schrijf over dingen die ik zelf heb ervaren of waar ik zelf gevoelens over heb gehad. Het is voor mij een manier om dingen te verwerken en voor het publiek om zich erin te herkennen. In de muziek kan ik mijn gevoelens uiten en daar voel ik me helemaal vrij."
Tagelyk fynt se it ek spannend om materiaal út te bringen en op te treden. "Ik stel me wel kwetsbaar op. Maar ik heb er vertrouwen in. Omdat het mij erg heeft geholpen, geloof ik dat het een ander ook kan helpen."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
By live-optredens is se net allinne, mar foarmet se in duo mei klasgenoate Sarah Vesseur dy't op de keyboards spilet en ek meisjongt. "We werken nu aan een soort act bij optredens. Zo zijn we bezig met kleding en hoe je je op het podium beweegt. Dat zijn we aan het uitzoeken en mee aan het experimenteren."

Poadiumbist

Earder tocht se der gjin poadiumbist yn har skûle. "Ik dacht: dat is niks voor mij. Ik blijf liever in de studio. Maar naarmate we ermee aan het werk waren, kreeg ik er ook meer plezier in. Hoewel ik het spannend vind, is het ook te gek om te doen."
Ien fan har ambysjes is om soundtracks te meitsjen, muzyk foar films en searjes. "Het is een droom van me om dan in zo'n film of serie een liedje van mezelf te horen. Dat lijkt me echt te gek."
Op 2 oktober is de offsjele presintaasje fan de EP. Dat docht se mei it Zing voor je leven-koar yn it tsjerkje fan Swichum.
It ynterview is te beharkjen fia Spotify.