Nije kreatyf direkteur Irma Kort wol helte froulike musisy op City Proms

Hoboïste Irma Kort is sûnt novimber kreatyf direkteur fan it muzykfestival City Proms. Se hat in hiele muzikale karriêre achter de rêch en rjochtet har no op it tagonklik meitsjen fan muzyk foar elkenien.
Irma groeide op yn Veendam. Dêr gie se nei de muzykskoalle. Se begûn mei it spyljen fan blokfluit. "De muziekschool heeft me heel veel mogelijkheden geboden."
Letter stapte se oer op hobo. Se rekke ynspirearre troch stikken as 'Peter en de Wolf' en 'Eriks Wonderbaarlijke Reis'. Har muzykdosint stimulearre har om ris te sjen by de foaroplieding op it konservatoarium yn Grins. Letter gie se nei skoalle yn Den Haag.

Grins

Yn har stúdzjetiid yn Grins learde Irma ferskate muzykstilen kennen. Se gie wol gauris nei jazz- en popkonserten. "Ik hou erg van de mix van stijlen. Zelf hou ik niet van improviseren."

Europa

Nei har stúdzje wurke en wenne Kort op ferskate plakken yn Europa "De Europese muziekcultuur heeft ontzettend veel te bieden."
Se hat in skoft by it BBC Symphony Orchestra yn Londen sitten. Dêr hat se in soad klassike en soms ek moderne muzyk spile.
"Het was hard werken en we hadden drie weken vrij per jaar. Bovendien verdiende ik er te weinig om in Londen te kunnen wonen." Yn de tiid fan Londen wurke Irma ek noch yn Nederlân. "Ik werk graag hard."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Al dy tiid wie Irma dwaande mei fernijing en sjen nei mooglikheden foar de takomst, wat muzykedukaasje mar ek selsûntwikkeling oanbelanget. Yn de coronaperioade die se in ûndersyksmaster yn Den Haag. "Ik ben iemand die mezelf bezighoudt. Er is altijd wel iets nieuws te doen."

City Proms

Irma ferfangt sûnt ôfrûne novimber Margot Hoiting as kreatyf direkteur fan it festival City Proms, dat fan woansdei ôf hâlden wurdt yn de binnenstêd fan Ljouwert. "Het is een festival naar mijn hart. Ik voel me als een vis in het water."
De programmearring fan City Proms hat foar 'elk wat wils' en der is in soad romte foar diversiteit. Uteinlik wol Irma it noch diverser hawwe. "Ik ga ervoor zorgen dat er volgend jaar 50% vrouwen op het podium staat. Ik wil dat er voor iedereen een goed voorbeeld is om inspiratie op te doen in de muziek."

De kar fan Irma

Artyst nûmer
Shostakovich Symphony No. 8
David Bowie & Brian Eno Moss Garden
Marmoucha Orchestra Youmala