Festival klassike muzyk City Proms yn Ljouwert wol salang mooglik fergees bliuwe

City Proms © LEO Middelsé, Lennard Geerts
It festival foar klassike muzyk City Proms yn Ljouwert is wer begûn. Op tsien binnen- en bûtenlokaasjes binne mear as fjirtich konserten te sjen. It begjint woansdei en duorret oant en mei snein.
Der is net allinnich fergees klassike muzyk te sjen en der binne ek workshops muzikale fernijings.
De ôftraap wie woansdei yn de Blokhúspoarte.. Dêr wie de foarstelling 'BB Wonderland Collective' foar bern te sjen fan in heal jier ôf. Doel is dat de bern meibewege en lûden meitsje.
City Proms moat fergees bliuwe
City Proms is frij tagonklik en as it oan artistyk direkteur Irma Kort leit, bliuwt dat sa. Mei de oprinnende kosten kin se dat foar de takomst net mei wissichheid sizze.
Kort kom sels út Den Haag. Foar de konserten dy't se op City Proms programmearret, betellest yn Den Haag samar 30 euro it kaartsje, seit se. It is frij unyk dat it hjir fergees is.
Ferslachjouwer Lennard Geerts praat mei artistyk direkteur Irma Kort fan City Proms
Wat ek meihelpt is dat City Proms fergees de beskikking hat oer in trijetal konsertlokaasjes: de Iepenbiere Biblioteek yn de Blokhúspoarte, Neushoorn en De Bres. Op de oare konsertlokaasjes krije se bot koarting.