Sjonger Gaatze Bosma bringt selsprodusearre album út: "Ik wol dwaan wat ik moai fyn"

De 27-jierrige sjonger Gaatze Bosma fan De Westereen docht goede saken. Hy hat rûnom optredens en docht foaral wat er sels moai fynt. "Op it momint datst op de bühne stiest, witst watst mist hast."
Gaatze begûn al betiid mei gitaarles. Troch te sjen nei Pippi Langkous rekke er ynspirearre en woe er trompet spylje, omdat Pippi dat ek die. "Mar it waard dochs gitaar. Dat like my ek wol moai en it is neat foar my om by in korps te spyljen."

Entertainer

Thús waarden der fierder gjin ynstuminten spile. "De radio stie wol altyd oan, mar net dat ik dat no yn in ynterview romantisearje kin."
Njonken it gitaarspyljen begûn Gaatze letter ek te sjongen. Fan jongs ôf oan wie er al oan it entertainen. "Ik hie in dûbeld-cd fan Lytse Teake. Op jierdeis of moadeshows by ús yn 'e winkel prate ik dy hiele cd nei."
Gaatze hie as lyts jonkje ek in Willempy-pet en hy die graach André van Duin nei mei it Pizzalied.
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Lytse Teake ferstoar yn desimber 2020. Foar de coronapandemy hat Gaatze noch in pear kear mei him op it poadium stien. "Ik mocht de pauzemuzyk fersoargje en de minsken fermeitsje as Teake him ferklaaie moast. Dat wie moai."

Autohannel en produsearje

Gaatze is oplaat ta rydynstrukteur. Doe't er syn diploma hie, wie er de jongste rydynstrukteur fan Nederlân. Yn de coronaperioade kaam Gaatze syn leafde foar auto's wer nei boppen en siet er yn 'e autohannel. "Ik woe graach wat struktuer yn it libben hawwe. It wie moai om auto's op te heljen, se op te poetsen en te ferkeapjen. En sa seach ik ek nochris ien."
Fierders learde er himsels produsearjen. Mei help fan oaren brocht er yn eigen behear in cd út op syn eigen platelabel Harde Feiten. Us mem sei ris: "Dat binne hurde feiten". Dat fûn ik wol in moaie namme foar myn label."
Mei fjouwer oaren dy't him holpen mei ynspyljen fan it album makke hy de plaat mei de titel SOS. ''It moaie fan dizze tiid is datst sa in bestân yn de Wetransfer mikke kinst en it trochmaile kinst.''
Bosma stiet no wer in pear kear yn de wike op it poadium mei syn muzyk, dy't net yn in hokje te pleatsen is. "Ik wol graach meardere stilen hawwe. Oars kakt it sa gau yn by optredens."

Gaatze is bliid wer op it poadium te stean. Hy is fan doel dit noch hiel lang te dwaan, troch it hiele lân hinne. Bosma is fierders fan doel om op De Westereen wenjen te bliuwen "It is in klisjee, mar as ik thúskom út bygelyks Amsterdam, fielt it echt as thús. Ik soe net witte wêr't ik my oars deljaan moatte soe."