Platebaas en 'ferfelend baaske' Tamme Oosterhof krabbelet wer stadich op

Tamme Oosterhof © Omrop Fryslân
Tamme Oosterhof is in echte metalleafhawwer, hat in eigen platesaak, is platelabelhâlder en samler. Ferline jier focht er tsjin kanker. Sûnt dy tiid hiel drok dwaande mei opknappen.
"Mar it komt goed", seit de optimistyske Wâldpyk. Hy wennet no yn Ljouwert, dêr runt er syn saak ek.
Oosterhof is berne en opgroeid yn Eastermar. De radio stie troch syn âldste broer altyd oan op Radio Luxemburg of Veronica. Heit stoar betiid, doe't Tamme Oosterhof noch mar 12 jier wie.
De leechte waard opfongen troch Tamme syn âldere bruorren en in omke. "Ik wie in echt drok en ferfelend baaske. Letter is it allegear wol goedkaam."
Willem de Vries yn petear mei Tamme Oosterhof:
Ein jierren 70 kaam de metalmuzyk yn syn libben, mei de plaat Lochem Pop. Oosterhof helle syn platen faak by De Put yn Ljouwert, mar ek yn Drachten.
Hy wurke as discjockey by Eastlake. "Omdat ik goed prate koe en leafde hie foar muzyk waard ik dj. In dj út Burgum hold dermei op en doe rekke ik oan de praat mei de baas."
Om't er yn Drachten op skoalle siet, mocht er dêr fan de baas faak platen keapje. "Omdat ik ek faak yn de bak seach mei âlde singletsjes kaam ik faak mei hiele steapels werom."
Hy gong ek faak mei in hiele klup nei allerhanne metalfestivals. It earste echte festival wie de twadde Aardschokdag, dêr't er ûnder oare metalband Mercyful Fate seach. "Doe begûn it echt te rinnen."

Big Bad Wolf Records

Yn 2010 begûn Oosterhof mei it projekt Frisian Metal Massacre, om Fryske metalbands te promoatsjen bûten de provinsje. "Ik waard op in nacht wekker en tocht: Ik wit it!"
Hy socht mei partners nei sponsoring en subsydzje fia de provinsje. Dat slagge en sa kaam de earste cd mei ûnder oare de bands Dimeon en Lionite út.
Minsken wiene entûsjast en sponsoaren kamen mei. Sjouke Nauta woe de cd's yn it argyf fan Friesland Pop ha. In jier letter kaam diel 2 út en sa ûntstie Tamme syn label, dat Big Bad Wolf Records hjit.
"Ik wurke earst noch yn it stjonkfabryk, op in dei hie ik in moai t-shirt mei in wolf derop oan en doe sei ien tsjin my 'sjit ris op Big Bad Wolf'. Dy namme is hingjen bleaun."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
De yn- en ferkeap fan platen is begûn doe't Tamme noch yn Eastermar wenne. Doe't it ynternet kaam, koe er op eBay en de foargonger fan Marktplaats syn samlingen kompleet meitsje, mar ek cd's ferkeapje.
"Ik seach dat ien 200 cd's te keap hie mei in listje derby. Ik woe allinne 1 cd ha út dy kolleksje, mar foar 100 gûne koe ik alles krije. Doe ûntduts ik dat oare minsken de oare cd's wol ha woenen, dat wie hartstikke moai."

Platesaak

It hûs begûn stadichoan fol te reitsjen mei platen, cd's en lp's. Hy trof dêrnei syn frou Hinke en tegearre mei har gie er fierder op 'e syk nei hannel, mar ek ûntdutsen se dat der in pân op it Vliet yn Ljouwert te keap stie.
"Ik wie mei in koperen hândruk by it stjonkfabryk fuortgien en koe dus ynvestearje. It wie in gigantysk pân."
Minsken komme by my om te sneupen, it leit net allegearre klear op alfabetyske folchoarder.
Tamme Oosterhof
Dêr kaam de platesaak Big Bad Wolf Records. "Ik mis Eastermar wol, mar yn Ljouwert komme in soad minsken lang yn de winkel om te sneupen, yn Eastermar soe dat folle minder wêze. Minsken komme by my om te sneupen, it leit net allegearre klear op alfabetyske folchoarder."
Earder gong Hea! alris op besite by Tamme Oosterhof:
Ofrûne tiid hat Tamme in soad striid mei syn sûnens hân. Hy ûntduts troch in sûnensûndersyk dat er termkanker hie. Hy waard operearre en krige komplikaasjes dêr't er ek wer oan operearre wurde moast. Dêrnei lei er fiif wiken yn it sikehûs en moast er acht wiken refalidearje yn Beetstersweach. Nei dy lange tiid mocht er thús fierder opknappe.
"Doe kaam de klap pas. We binne no healwei juny en ik bin noch hieltyd dwaande it út myn lichem te jeien, mar dat slagget!"

It stivepimeltsjegefoel

It is wol te fernimmen dat Oosterhof noch yn de opknapfaze sit. Syn wurk mei de muzyk giet troch, mar hy docht it wat rêstiger oan.
It liket Oosterhof wol moai as der oait in boek komt oer syn platelabel en oer wat muzyk sa goed makket. "Foar my is dat echt it stivepimeltsjegefoel. It moat yn ien kear goed fiele. It stive pimeltsje soe ek in moaie ûndertitel wêze foar it boek."

De kar fan Tamme

Artyst Nûmer
Iron Maiden (Kill me) Ce Soir
Motörhead Louie, Louie
Frank Marino The Answer
Geier Sturzflug Bruttosozialprodukt
Riot Fire Down Under