Ljouwerter Wim Fellinger bringt punkplaat opnij út op eigen platelabel

Wim Fellinger is gjin stilsitter. Hy makket drûge woarst, hat in grafysk buro en spilet yn de band Der Untergang. En hy hat in eigen platelabel.

Fellinger waard berne yn Grinslân en ferhuze al frij gau nei Fryslân. Yn Burgum learde er Frysk praten. Hy rekke fertroud mei punkmuzyk en gie in soad nei konserten.
Wim learde foar dosint tekenjen en hânfeardigens, mar keas nei syn skoalletiid foar in karriêre yn 'e grafyske sektor.

Merksterk

Fjouwer jier lyn begûn Wim tegearre mei syn frou foar himsels. It bedriuw hjit Merksterk. "Op in stuit groeist troch en dan bist ynienen 'Jan de Manager' wurden. Ik wie foar myn gefoel mei de ferkearde dingen oan 'e gong. Ik krige der gjin enerzjy mear fan. Doe bin ik wer oergien op kreëarjen. Dat die ik leafste."

MOG

Fellinger is sûnt it bestean fan de Fryske punkband MOG in leafhawwer fan de groep. Hy gie sa no en dan mei nei konserten en nei de oefenromte. De lp Radiorock fûn er geweldich
"De plaat wie mar yn beheinde oplage beskikber en dat wie spitich. Op in stuit kaam de gitarist fan de MOG by my foar in design foar in oare band. Doe sei ik: 'Dogge wy. Mar dan wol ik yn ruil dêrfoar jimme plaat opnij útbringe.' Uteinlik is dy lp der yn 2020 kaam."
Sels spilet Wim yn de Ljouwerter band Der Untergang. "We spylje sûnt 2007. It nije album stiet yn de stegers."
Op it album stiet ek it nûmer Trukker, dat oer de dream giet om frachtweinsjauffeur te wêzen. Der sitte in soad ferwizings yn nei Henk Wijngaard syn nûmer Met de vlam in de pijp.
"Dêr wie Wijngaard net oer te sprekken. Hy woe dat nûmer sels nij libben yn blaze, no't Max Verstappen sa'n sukses hat. Hy woe net dat we syn tekst brûkten, mar ik hie sokssawat fan 'fuck it' en we diene it dochs."

Wostelaer

Njonken de muzyk hat Henk ek noch in bêd en brochje yn it sintrum fan Ljouwert en makket er mei syn sweager woarst.
"Myn pake hie eartiids in slachterij. Heit en ik makken dêr faak woarst. Myn sweager iet dat altyd stikem op. Op in kear sei er dat we wat mei dy woarst dwaan moasten."
Mei syn sweager begûn Wim nei in proefperioade yn de Ljouwerter kroech Mukkes mei woarstmakkerij De Worstelaer. Se meitsje no woarst foar sân kroegen, wêrûnder ien yn Brabân. "It is krekt even wat oars."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Oan de boekingen yn syn bêd en brochje - dat as tema The Music Box hat - fernimt Wim dat Ljouwert in hieltyd populêrdere stêd wurdt. "Meastal sitte we fol. As der gasten binne, falt der altyd in soad te praten oer muzyk. Dat is hartstikke leuk."

Pick up Records

De ferkeap fan de plaat fan de MOG giet goed. "Twa tredde wie yn it foar al kocht troch leafhawwers fan de band. De rest ferkeapet himsels. Myn platelabel is klearebare leafhawwerij. Dêr giet in soad jild yn sitten en wurdst der net ryk fan. Mar it is prachtich om te dwaan."

De Kar fan Wim

Artyst Nûmer
MOG Arkensaw
Lemonheads Knowing me, Knowing you
MOG Walking