Welcome to The Village yn Ljouwerter binnenstêd: “Het kan eindelijk weer”

Foar kultureel ûndernimster Eva van Netten is it in spannende tiid. Se is drok mei de lêste tariedingen foar it Ljouwerter festival Welcome to The Village dat 15, 16 en 17 july is.
"Ik heb er zin in. Het kan eindelijk weer", seit Eva van Netten, artistyk lieder fan Welcome to The Village. Nei twa coronajierren kin it festival trochgean, mar net op de fertroude lokaasje yn it Griene Stjergebiet. Nei in soad gedoch en rjochtsaken oanspand troch Stichting Groene Ster Duurzaam, stean de bands no yn de Ljouwerter binnenstêd.
As artistyk lieder hâldt se har dwaande mei strategy en ynhâld. "We houden trends in de popcultuur bij, maar kijken ook naar wat er in de wereld gebeurt en hoe we dat kunnen vertalen naar ons festival. Het gaat vooral om ontmoeting; we proberen projecten en mensen aan elkaar te verbinden."
Eva van Netten is berne en opgroeid yn Ljouwert. Se studearre oan de Academie voor Popcultuur yn de Fryske haadstêd. In echte 'Liwwadder' neamt se harsels net, mar ûnderwilens is se de stêd wol mear begûn te wurdearjen.
"Toen ik jonger was, dacht ik altijd dat ik hier weg moest. Ergens anders was vast meer te doen. Maar telkens kwam er weer iets nieuws op mijn pad wat heel leuk was." Se rekke belutsen by Podium Asteriks en mei dy klup minsken kaam se op it idee fan Welcome to The Village. De earste edysje yn 2013 wie fuort in sukses.

BlackBoxRed

Se is sels ek muzikante. Mei drummer Stefan Woudstra foarmet se it duo BlackBoxRed, se spilet gitaar. Yn 2018 namen se har lêste plaat op, mar se skriuwe noch altyd nije muzyk.
Al yn har jeugd spile muzyk in grutte rol. "Alle muziekstijlen kwamen bij ons thuis wel voorbij, zelfs klassiek. We draaiden veel platen en ik keek natuurlijk clips op MTV en TMF. Mijn vader heeft veel van The Beatles, die collectie staat nu bij mij thuis. Mijn moeder is meer van The Rolling Stones, maar dat ging heel goed samen."
Op har achtste begûn se mei gitaarles, letter kocht se yn Amsterdam fan har eigen sparjild in elektryske gitaar. "Toen ging het echt los. Dan zat ik boven in mij kamer en, hoewel mijn ouders het leuk vonden, riepen ze ook weleens dat de volumeknop naar beneden moest."

Optredens

Op de middelbere skoalle siet se yn in bandsje. Doe't se in drummer sochten, kaam ien mei Stefan oan dy't op in oare skoalle siet. "Hij kwam binnen, zei niks en begon direct te drummen. Dat was fantastisch. We spelen dus al heel lang samen en zijn veel op tournee door Europa geweest."
Dizze hjerst ha se wer wat optredens op de planning stean. "Dat heb ik heel erg gemist. Door corona moesten we ook weer even opstarten, zo van hoe pakten we ook alweer die auto in?"

Queer community

In tema dêr't Eva van Netten har mei dwaande hâldt, is de 'queer community'. Dat komt ek werom yn de muzykkar fan har top 3. Se fynt it belangryk dat de mienskip sichtber wurdt, dat elkenien feilich de strjitte op kin.
"In deze tijd van zwart-witdenken en polarisatie is ontmoeting heel belangrijk, ook op het festival. Dat je bij de bar een biertje haalt en met iemand, misschien wel met een andere mening, in gesprek komt, naar elkaars verhaal luistert en aan het einde samen proost."
Yn Noardewyn, op moandeis oant en mei freeds te beharkjen fan 18.00 oant 19.00 oere, hat presintator Willem de Vries omtinken foar de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde der live optredens jûn.
Nij dit jier dus is dat it festival yn de Ljouwerter binnenstêd is. It festivalterrein komt op it plein tusken skouboarch De Harmonie, poppoadum Neushoorn en kafee De Markies.
"Dat wordt een afgesloten terrein met een buitenpodium en daarnaast zitten we in de gebouwen. We hebben gekeken naar hoe we toch de sfeer van het festival kunnen houden. We gaan dus ook deels naar zalen binnen. Omdat we daardoor vastzitten aan een bepaalde zaalcapaciteit, was dat nog een flinke puzzel. Een concert beleven in een zaal met stoelen is natuurlijk heel anders dan een podium met een veld ervoor. Maar het festivalgevoel zit niet alleen in de programmering, ook in de aankleding en het eten."
Welcome to The Village is 15, 16 en 17 july yn Ljouwert. Sjoch foar alle ynformaasje op https://welcometothevillage.nl.
Neist muzyk is keunst ek in belangryk ûnderdiel fan it festival, der is in performing arts-programma en ek it ynnovative platfoarm Dorp komt werom. Dit jier is der boppedat in nachtprogramma mei dj's en livemuzyk. "Doordat we in de stad zitten, kunnen we tot een uur of 5 doorgaan."
De festivalcamping is der net dit jier. Wol wurde pindelbussen ynset foar minsken dy't op de camping stean en nei it festival wolle.

Tips

Der komme mear as 100 bands, fan de Belgyske hiphop fan Stikstof oant it Thijs Boontjes Dans- en Showorkest en noch folle mear.
Ta beslút noch in pear tips fan Eva. "Ik ben er heel trots op dat Peaches komt. Als feministisch icoon gaat ze echt wat laten zien. Ik kijk ook erg uit naar Jrpjej & Zaur Nagoy, die uit Kaukasisch gebied komen en verhalen in hun eigen taal brengen."

De kar fan Eva

Artyst nûmer
Orville Peck Dead of Night
Lava La Rue Vest & Boxers
Christine and the Queens Je te vois enfin